Baaium
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2004) | 120 | ||||
Webstee | http://baaium.villavrij.nl |
Baaium is in terpdoarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004). Yn 1832 moast men noch om it doarp hinne ride oer de Alde Baaiumer dyk. Troch de Baaiumer Opfeart komt men yn de Frjentsjerter Feart.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Baaium diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 gie it oer nei de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei noch in gemeentlike weryndieling kaam it yn 2018 by de gemeente De Waadhoeke.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1685 stie hjir de Eeckemastins, dy't tusken 1602-1610 bewenne waard troch grytman Ulbo van Aylva fan de gritenij Baarderadiel. Foar de tsjerkeherfoarming hie Baaium in premonstratinzer parochytsjerke. Dy hie sa'n grut doopfont (700 jier âld) dat de útdrukking ûntstie: 'Sa grut as it Baaiumer doopfont'. Dit doopfont is yn de 17e iuw opgroeven. It soe wêze kinne dat it foar de Byldenstoarm yn 'e grûn ferstoppe is. It stiet no yn de tsjintwurdige herfoarme tsjerke fan 1876. Net fier fan de tsjerke oan de Alde Baaiumerdyk moat earder in stins stien hawwe mei in grêft der omhinne. Yn 2000 binne hjir de fûneminten fan fûn.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Oan de Kleasterwei, yn 'e rjochting fan Winsum, leit de buorskip Houten Baaium.
- In heale kilometer besuden it doarp stiet de Amerikaanske Wynmotor Baaium. De mole is om 1935 boud poldermole en oanwiisd as ryksmonumint.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alde Baaiumerdyk, Alde Dyk, Buorren, Foarstreek, Hasthemerwei, Kleasterwei, Werpsterwei.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |