Bitgum
Bitgum | ||
Tsjerketoer mei Martinuspaed | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 760 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,52 km², wêrfan: - lân: 2,50 km² - wetter: 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 324 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 5° 41' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Doarpsbelang Bitgum | ||
Kaart | ||
Bitgum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Bitgum leit noardeastlik fan Menaam, noardwestlik fan Marsum, eastlik fan Berltsum en súdeastlik fan Sint-Anne. Yn 2022 hie Bitgum 810 ynwenners. De doarpskearn fan Bitgum leit om de Buorren.
Earder hearde Bitgummole ek by Bitgum mar dat is sûnt 1963 in selsstannich doarp.
Bitgum hat 760 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp ûnstie op in wâl westlik fan de Boarn dy't him yn 'e midsiuwen ferbrede ta de Middelsee. Oant de 19e iuw bleau de bebouwing fan it doarp beheind ta de terp. Bitgum groeide fierder nei it súdeasten ta en by de mole ûnstie de buorskip Bitgummole. Yn 1963 waard Bitgummole in selsstannich doarp en Bitgum ferlear doe mear as de helte fan it doarpsgebiet en mear as de helte fan de bewenners.
Sûnt 2018 leit Bitgum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.
Grut Terherne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grut-Terherne.
Eastlik fan it doarp an de súdkant fan de wei nei Marsum stie Grut Terherne, ien de moaiste states dy't yn Fryslân stien hawwe. Tsjintwurdich leit dy lokaasje op it doarpsgebiet fan Bitgummole. Oarspronklik wie it in stins, mar yn de rin fan de tiid feroare de stins yn in state. De state waard yn opdracht fan de famylje Thoe Schwartzenberg troch Nicolaas Ypeij tekenene en is yn 1879 ôfbrutsen. De tunen wienen yn Frânske styl symmetrysk oanlein.
Sint-Martinustsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Bitgum).
Foar de reformaasje wie de tsjerke fan Bitgum wijd oan Martinus fan Toers. Oarspronklik hie de toer in sealtek en yn de toer hongen twa klokken, ien út de 13e iuw en in grutte út 1490, dy't yn 1616 en 1950 omraand is. Yn 1672 waard de tsjerke mei stipe fan grytman baron Georg Frederik thoe Schwartzenberg fan Grut Terherne op de âlde fûneminten fan de yn 1669 ôfbrutsen tsjerke op 'e nij boud. De toer is doe net fernijd.
Yn de tsjerke sit ûnder it koer de grêfkelder fan de famylje Von Schwartzenberg.[3]
Hludana-stien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1888 waard by ôfgravings fan in terp by Bitgum in fotyfstien fûn: de Hludana-stien. De stien is oan de goadinne Hludane wijd en leit it ferbân tusken it fiskjen en de goadinne. Oan de Latynske ynskripsje te sjen komt de stien út it begjin fan ús jiertelling. It is de ienige fotyfstien dy't yn Fryslân fûn is, earne oars yn Nederlân binne noch fjouwer fan sokke stienen fûn. Tegearre mei it Skriuwplankje fan Tolsum, is de stien in bewiis fan de Romeinske ynfloeden yn Fryslân. Skriftlike boarnen út dy tiid oer it eigen gebiet binne tige seldsum.
- Hogerhuissaak
Yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 barde der wat dat late ta in rjochtsaak mei in tige lange neisleep: de saneamde Hogerhuissaak. Der waard ynbrutsen yn it pleatske fan Gatze Haitsma oan de Stienzer Hegedyk ûnder Britsum. De trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis waarden as fertochten oanwiisd en letter feroardiele ta seis, alve en tolve jier finzenis. Oant hjoed-de- dei ta wurdt twivele oan de krektens fan dy feroardieling. Hast elk wie oertsjûge fan de ûnskuld fan de Hogerhuizen. Ek de kristlik Fryske krite Karel Roarda wie oertsjûge fan harren ûnskuld en yn 1988 waard - yn oparbeidzjen mei oare ferienings - in tinkstien foar de Hogerhuizen set op de hoeke fan de Langestrjitte. De publike miening oer de rjochtsaak waard op dy stien koart, mar o sa dúdlik oanjûn: It wurd 'berjochte' is op de stien tusken skrapkes set. De tinkstien waard ûntbleate troch Arnolda Hogerhuis, de dochter fan Wybren Hogerhuis.
Tram
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 2 jannewaris 1899 is de tramline iepene tusken Moaie Peal nei Ljouwert. De NTM-tram ried oer Marsum, Bitgum en Berltsum. It stasjon stie yn Bitgummole en de NTM-tram ried oant 15 maaie 1939 mei passazjiers troch Berltsum. Letter naam de NS it spoar oer foar frachtferkear en riden der trams oant 1 desimber 1957.
Swarte flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It provinsjaal bestjoer hie by it fieren/betinken fan 'Fryslân 500 jier' frege om op sneon 20 juny 1998 massaal de flagge út te stekken. De koster fan de Bitgumer tsjerke die dat ek, mar hy keas foar in swarte flagge om't er fan betinken wie dat 'Fryslân 500 jier' net fierd wurde mar allinnich betocht wurde koe. Neffens him wie it gjin 500 jier befrijïng, mar 500 jier besetting en dus in swarte dei yn de skiednis. De koster krige in offisjele berisping fan de gemeente fanwege it skeinen fan it flaggeprotokol (de gemeente is eigner fan de tsjerketoer) en ek de tsjerkfâlden wiene net te sprekken oer de aksje. Mei de jierwiksel pakten guon doarpsgenoaten it wat humoristysker op. Hja makken in replika fan de tsjerke mei de útstutsen swarte flagge en skreaune dêrby: 'Hee oelewapper, ik sei noch sa: it kin net' (in doe bekende reklamespreuk fan in bekende drankefabrikant). De koster sels wie wat fernuvere oer alle alteraasje en dy joech neffens him dúdlik oan dat 'Fryslân 500' ûnder it folk net libbe: Guon mienden dat immen fan it keninklik hûs ferstoarn wie. Oaren fûnen it luguber, mar it hat nea myn sin west om de minsken skrik oan te jeien.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Doarpshûs hjit "Ons Huis". Atze Dijkstra makke in keunstwurk dat op de hoeke Buorren/Frânskeleane stiet. De tradisjonele skelnamme foar Bitgumers is roeken.[4]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aldjiersploech Bitgum
- Feestferiening De Maeyebeam
- Fûgelwacht Bitgum-Bitgumermole
- Fuotbalferiening Bitgum
- Iisklup De Trije Doarpen (mei Bitgummole en Ingelum)
- Keatsferiening OKK Bitgum (organisearret elts jier yn Bitgum de Van Aismadagen en Gripedei)
- Muzykferiening Harmony Bitgum
- Toanielferiening Mei Nocht en Ynset
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954* | 1959* | 1964 | 1969 | 1972** | 1974 | 2004 | 2006** |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 383 | 1759 | 1697 | 707 | 779 | 836 | 785 | 730 | 752 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||||
Ynwenners | 799 | 790 |
* Bitgumermole wie oant 1963 in buorskip fan Bitgum en de ynwenners fan Bitgummole binne noch meiteld yn de jierren 1954 en 1959; boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren oernommen sûnder boarnefermelding fan de besteande ynformaasje yn it artikel) ** Sifers Menameradiel.
Berne yn Bitgum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hessel fan Martena (± 1460), haadling
- Skelte fan Aysma (1578-1637), miltêr
- Minze de Vries (1874), keatser
- Wijbe Dijkstra (1894-1944), fersetsman, arrestearre mar troch mishanneling nei it frijkeapjen ferstoarn [5]
- Tsjisse Hettema (1955), skriuwer en dichter
- Jannewietske de Vries (1961), amtner, sportbestjoerder en politikus
- Hans Snijder (1962), haadredakteur fan de Ljouwerter Krante
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alddijk, Berltsumerdyk, Bessebuorren, Buorren, De Bodde, De Kamp, De Kline, De Tolve, It Tiltsje, Doniastrjitte, Feartswâl, Frânskeleane, Hemmemastrjitte, Hillige Kamp, Hoarslânsdyk, Jonkersleane, Liuwesingel, Pompsteech, Schwartzenbergstrjitte, Sint Martinuspaad, Slachtersrige, Tramdyk, Westerwirdsleane.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Taco Kingma Bitgum - de skiednis fan Bitgum en Bitgummole
- R.L.P. Mulder-Radtzky/B.H. de Vries Groot Terhorne te Beetgum - Een der schoonste buitengoederen van dit gewest
- Johan Frieswyk/Hans Sleurink De zaak Hogerhuis, eene gerechtelijke misdaad, Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 1984, isbn 9033013401.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|