Represailles by Hjerbeam en Menaam
De represailles by Hjerbeam en Menaam wiene twa represaillemaatregels fan 'e nazys ûnder de besetting fan Nederlân troch Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch.[1] Dêrby waarden yn 1944 yn noardwestlik Fryslân op 18 novimber by Hjerbeam en op 19 novimber by Menaam yn totaal seis finzenen stânrjochtlik eksekutearre nei in aksje fan it Fryske ferset.[1]
Sabotaazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 1944 krige distrikt VIII fan it gewest Fryslân fan 'e Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften (NBS), dêr't de gemeente Menameradiel ûnder foel, fan 'e gewestlike lieding de troch in koerierster oerbrochte opdracht om kopspikers op 'e Ryksstrjitwei tusken Harns en Ljouwert te struien.[2] Kleardernôch wie it de bedoeling om 'e Dútske fytspatrûljes, dy't jacht makken op ûnderdûkers, te behinderjen yn harren wurk troch har de bannen lek ride te litten.[2]
Broer Dijkstra fan Hatsum, de lieder fan it ferset yn Distrikt VIII, twifele oan it nut fan sa'n aksje.[2] Hy sette nei it fabryk fan Kuiken ta, yn Dronryp, dêr't er mei Kuiken, in oar lid fan 'e groep, oerlei. Dyselde fûn it ek in healwiis idee. Nei oerlis kamen se ta de konklúzje dat de gewestlike lieding harren aksjeberettens teste woe.[2] Se besleaten om it plan tsjin better witten yn út te fieren. Kuiken gie nei Ljouwert ta, dêr't er yn in izerhannel in pûn kopspikers kocht.[2]
Yn 'e nacht fan 16 op 17 novimber 1944,[1] om likernôch 22.00 oere,[2] struiden Dijkstra en Westra, in oar lid fan syn groep, de kopspikers op 'e strjitwei yn 'e neite fan Dronryp út.[2] Dy nachts barde der neat, en de oare moarns betiid riskearren se har libbens om it spul wer op te feien.[2] De jûns fan 17 novimber struiden Dijkstra en in oare fersetsman, Conradi, de kopspikers op 'e nij út. Dy nacht ried der in Dútske fytspatrûlje trochhinne.[2]
Represailles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 18 novimber 1944 waarden Bote Lieuwe Dijk (45), Julius Gast (51) en Rijkje van Meekeren (49) út it hûs fan bewar yn 'e Ljouwerter Blokhúspoarte helle. Hja waarden oan 'e strjitwei tusken Mullum en Hjerbeam stânrjochtlik eksekutearre.[1] Op 19 novimber waarden Hans Goudsmit (23), Dirk de Vries (19) en Jan Zorn (27) ek út it hûs fan bewar helle. Sy waarden oan 'e strjitwei ûnder de Menamer mieden deasketten.[1][2] Beide kearen gie it om twa lju dy't fêstsieten foar de Spoarstaking (Dijk en Van Meekeren, en De Vries en Zorn), en ien Joadske ûnderdûker dy't oppakt wie yn it ramt fan 'e joadeferfolging (Gast en Goudsmit).[1]
Sawol by Hjerbeam as by Menaam waarden de mannen yn 'e rein en de drek opsteld mei de rêch nei in jirpelbulte ta en it gesicht nei it fjoerpeloton, dat likernôch 5 m foar harren stie.[1] Se waarden net tagelyk deasketten, mar ien foar ien, wêrby't it twadde en it trêde slachtoffer pas nei it plak fan eksekúsje ta laat waarden, doe't dêr al ien of twa stoflike omskotten leine, dy't deasketten wiene en it genedeskot krigen hiene.[1] Neffens de kristlik-grifformearde predikant Lambertus Holtrigter, dy't by Hjerbeam tafallich op it stuit fan 'e represaille de strjitwei delfytste en troch de nazys steande holden waard om der tsjûge fan te wêzen, waarden de slachtoffers net blyndoeke.[1]
Ferantwurdlike foar de útfiering fan 'e represailles wie de Dútske ofsier Theodor Vogt.[1] Yn Menaam moasten de trije stoflike omskotten op lêst fan 'e Dútsers 24 oeren lang lizzen bliuwe op it plak fan eksekúsje.[1][2] Neitiid waarden se yn in skuorke op it tsjerkhôf fan 'e Menamer Lambertustsjerke wosken en yn in deakiste lein.[1] De yn Amsterdam berne Goudsmit kaam yn Menaam te hôf en leit dêr noch; de oare beide mannen waarden yn harren wenplakken Drachten (De Vries) en Ljouwert (Zorn) begroeven.[2]
Betinking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op tiisdei 19 novimber 2019, 75 jier nei de represaille-aksjes, waard der in plechtige betinking foar de seis slachtoffers holden by it monumint oan 'e âlde strjitwei ûnder Menaam.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|