Moarden fan Dokkum


De Moarden fan Dokkum wienen op 22 jannewaris 1945 in Dútske ferjildingsaksje.
Op freed 19 jannewaris 1945 waarden trije fersetslju, wylst se troch de Sicherheitsdienst nei Ljouwert transportearre waarden, befrijd troch it Ferset. Ien fan harren, de Dokkummer apteker Piet Gunster, wie in wichtich man yn it Dokkummer ferset, dat trochdat er finzen naam wie, wienen der in protte minsken yn gefaar. Neist Gunster sieten Jan Formsma en Rienk Hacquebord yn de auto dy't tagelyk mei Gunster finzen naam wiene, mar net direkt by it ferset belutsen wiene. Op de Falom waard dêrom de brêge iepenset om de auto fan de Sicherheitsdienst stopje te litten, en doe't dat slagge waard dy oerfallen. By de aksje rekke ien Dútser om hals, en net folle letter ferstoar in twadde. Gunster rekke ek ferwûne oan in skonk, mar koe ûntkomme. Formsma en Hacquebord bleaune yn de auto efter om sadwaande sjen te litten gjin skuld oan de oanslach te hawwen; beide waarden letter frijlitten[1]
As ferjilding waarden op moandei 22 jannewaris tsien finzenen út Ljouwert helle, en nochris tsien út Grins. Dy hienen neat mei dy oerfal te krijen, mar se waarden meinaam om in boadskip dúdlik te meitsjen. De tweintich manlju waarden nei Dokkum brocht, en dêr oan de súdkant fan de stêd, oan de Wâldwei, yn groepkes fan fiif fusilearre. SS-Hauptsturmführer Artur Albrecht hie de lieding oer de fusillade. Elts groepke moast earst de liken fan de eardere groep rjochtlizze, en dan waarden se sels deasketten. De liken bleaune in etmel lizze om it boadskip noch better oerkomme te litten.
Anno 2005 wurde de Moarden fan Dokkum hieltiid noch alle jierren betocht op 22 jannewaris.
De slachtoffers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Adler, David - Hongarije (Banyhád), keapman, wenne yn Amsterdam, 59 jier
- Blauw, Harm - Amsterdam, opsichter, wenne yn Grins, 27 jier
- Boersema, Hendrik – Antwerpen, gemeenteamtner, wenne yn Stedem, 41 jier
- Bukers, Jan – berne yn Ljouwert, fertsjintwurdiger, wenne yn Grins, 41 jaar
- Dijken, Jan van – Appingedam, direkteur postkantoar, wenne yn Dokkum, 41 jier
- Duursma, Jan, berne en wenne yn Marum, brânwarman, 41 jier
- Frensdorf, Arnold, Dútslân (Frankfurt am Main), keapman yn Amsterdam, 63 jier
- Gelder, Herman van – berne en wenjend yn Grins, slachter, 33 jier
- Heijdenrijk, Aris - út Rotterdam, kelner, wenjend yn Ljouwert, 36 jier
- Hulshoff, Louwrens – berne en wenjend yn Dokkum, bankmeiwurker, 24 jier
- Krohne, Heinrich - berne yn Grins, boufakker, Grins, 41 jier
- Krolis, Hinne – berne yn Nijlân, gemeenteamtner, Ljouwert, 51 jier
- Lommert, Hendrik – berne yn Grins, tekener, út Grins, 21 jier
- Meinsma, Ernst – berne en wenjend Nes (Dongeradiel), lânbouwer, 55 jier
- Moorman, Wilhelmus – berne yn Dimter, kantoarklerk yn Didam, 19 jier
- Postma, Geale – berne en wenjend yn Driesum, boere-arbeider, 23 jaar
- Ruinen, Jarl – berne yn Nederlânsk-Ynje (Kota Radja), hûsdokter, wenjend yn Ie, 38 jier
- Sachs, Abraham – berne yn Wynskoat, keapman, wenne yn Amsterdam, 55 jier
- Walters, Freerk – berne en wenjend yn Oude-Pekela, polysje yn Oude Pekela, 19 jier
- Woldringh, Hendrik – berne yn Zuidwolde, belêstingamtner, wenjend yn Grins, 60 jier
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |