De Falom
De Falom | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 240 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,09 km², wêrfan - lân: 3,96 km² - wetter: 1,2 km² | |
Befolkingsticht. | 66 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 6° 00' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Webstee Broeksterwâld | ||
Kaart | ||
De Falom is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De Falom leit noardeastlik fan Feanwâlden, westlik fan De Westerein en súdeastlik fan Broeksterwâld. De Falom hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De Falom hat gjin doarpskearn, de bebouwing leit oan de Haadwei en de Falomster Feart (Mûnewei en Rinewâl).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Falom is yn de 16e iuw ûntstien as feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. De Falomsterfeart waard doe groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, [boarne nedich] troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in overtoom oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom soe dêrtroch syn namme krigen hawwe. Nammekundigen ûntstride lykwols de krektens fan dy ferklearring.[3]
Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp. Dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere Moarrewâld.
De Falom hat altyd al yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad meiïnoar. Sa stiet it doarpshûs 'De Pipegaal' fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doweferiening Wâldflucht
- Fûgelwacht Ikkerwâld e.o.
- Foliêreferiening Fûgelnocht
- Fuotbalferiening Broekster Boys
- Yntertsjerklik manljuskoar Dit is wat ús bynt
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1969 | 1974 | 2004 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 266 | 278 | 262 | 253 | 263 |
Strjitnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súdeastlik fan it doarp leit oan de grins mei Feanwâlden de Houtwiel, in gebiet mei plassen en reitfjilden. De grins fan De Falom mei it doarpsgebiet fan Feanwâlden wurdt foarme troch de Goddeleaze Singel, in lokaasje dêr't ferskillende spûkferhalen oer besteane. It gebiet is relatyf ryk oan reiddompen. Yn it natoergebiet stiet tichteby de singel in tsjasker, dy't yn 2017 stikken waaide en yn 2019 wer nij boud is.[4] By de brêge oer de Falomster Feart stiet it Goddeleaze Tolhûs. De Goddeleaze Singel foarmet ûnderdiel fan it Bonifatius Kleasterpaad.[5] Yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As is it gebiet súdlik fan de Falomster Feart ek werynrjochte as natoergebiet, dat no de Houtwiel ferbynt mei de Sweager Mieden.[6]
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Andries Peterson "De Falom, tinzen fan Broer"
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |