Wâlterswâld
Wâlterswâld | ||
Herfoarme tsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 955 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,06 km², wêrfan: - lân: 6,94 km² - wetter: 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 136 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 6° 01' E | |
Doarpsgebiet Wâlterswâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Wâlterswâld | ||
Kaart | ||
Wâlterswâld is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Wâlterswâld leit noardlik fan De Westerein, eastlik fan Damwâld, westlik fan Driezum en besúdeasten fan Dokkum. Wâlterswâld hat 955 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. Wâlterswâld hat twa doarpskearnen: Wâlterswâld-Noard leit oan de Koailoane, Achterwei, Dokkumerloane en Tsjerkeloane en Wâlterswâld-Súd leit oan de Tsjerkeloane, Foarwei, Broekloane en ferskate oare strjitten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en de Koailoane/Achterwei, oanmakke is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer Wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koailoane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen; oan de Achterwei in mids 19e-iuwsk wâldpleatske, oan de Koailoane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e iuw. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e iuw.
Mei it plaknammebeslút fan de gemeente Dantumadiel yn 2009 waard yn 2009 Wâlterswâld as de offisjele namme fan it doarp ynfierd.[3]
Wâlterswâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp foarme oarspronklik in "twillingdoarp" mei Driezum. Wâlterswâld dielt ferienings en tsjerken en in doarpskrante mei Driezum. It mienskiplike doarpshûs, "De Nije Warf" stiet yn Wâlterswâld.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpen Driezum en Wâlterswâld hawwe in reformatoaryske ynslach en foarmje yn dat opsicht in eilân yn Fryslân. Mei de foarming fan de PKN is in diel fan de herfoarme tsjerke meigien yn it nije tsjerkegenoatskip, wylst in oar diel ûnderdak fûn by de Hersteld Herfoarme Tsjerke. Yn it doarp binne twa grifformearde tsjerken: in grifformearde tsjerke en in grifformeard-frijmakke tsjerke.
- Herfoarme tsjerke, Tsjerkeloane 34
- Grifformearde tsjerke, Foarwei 27
- De Lichtbron (grifformeard-frijmakke), Tsjerkeloane 12
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wâlterswâld hat twa skoallen (sitewaasje 2021):
- De Wynroas (prot. kristlik basisûnderwiis)
- De Kristlike Nasjonale Skoalle (reformatoarysk basisûnderwiis)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2008 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 977 | 938 | 862 | 772 | 780 | 1.108 | 1.079 | 990 | 980 |
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Hynstedagen binne meast ein july.
- De Kennedymars Wâlterswâld-Driezum is in kuiertocht fan 80 km, dy't binnen 20 oeren rûn wurde moat.
Berne yn Wâlterswâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Herfoarme tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Wâlterswâld).
De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeloane, earder de Woutersloane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e iuw oplutsen fan âlder, fannijs brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19e-iuwske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.
Grifformearde tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Wâlterswâld).
Oan de Foarwei oan de Driezumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Nauta (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Dy ferfong in ienfâldige foargonger út de 19e iuw, hat in T-foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.
Sûkereifabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte pleats: it is ien fan de pear spoaren fan de yn de 19e en betide 20e iuw bloeiende tylt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset- en houtferwurkingsbedriuw.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee Driezum
- Hynstedagen
- Sport Driezum-Wâlterswâld
- Muzykferiening Excelsior
- Wikiwurdboek-side - Wâlterswâld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |