Dantumawâld

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dantumawâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 jannewaris 1971 waarden Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld gearfoege ta Damwâld. Dantumawâld wie it meast oastlike doarp fan de trije.

Yn 1369 stie Dantumawâld bekend as Dointhimwalda, yn 1421 wurdt it skreaun as Dontimwalda en yn 1505 as Dantumwald. "Dont" betsjut hege sânrêch, "wâlde" betsjut (sompe)gebiet. It doarp is dus boud op in sânrêch yn in earder sompegebiet. Dy sânrêch rint fan Driezum oer Dantumawâld nei Rinsumageast (Dokkumer Wâlden).

Dantumawâld waard ek wol koartwei Damwâld neamd, lykas ta útdrukking komt yn de nammen Damwâldster Trekwei en Dammeloane. Boppedat is Dantumawâld de nammejouwer fan de hjoeddeiske gemeente Dantumadiel.

Dantumawâld is boud om in tsjerke. De hjoeddeiske tsjerke is fan 1755. Dy is boud op itselde stee dêr't al earder in tsjerke stie dy't nei alle gedachten om 1200 hinne boud is.

Yn earder tiden stienen der ek ferskate aadlike States (stinzen), de Bonga- of Buingastate, de Doniastate, de Oenemastate en fermoedlik ek de Ewingastate. Dy staten binne lykwols yn de rin fan de tiid ferfallen en/of ôfbrutsen.

Berne yn Dantumawâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]