Moarrewâld

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It eardere gemeentehûs fan Dantumadiel, 1927
De Hale, Moarrewâld

Moarrewâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 jannewaris 1971 waarden Moarrewâld, Ikkerwâld en Dantumawâld gearfoege ta Damwâld. Moarrewâld wie it sintraal lizzende doarp fan de trije.

De namme Moarrewâld kin útlein wurde as moarre-wâld. "Moarre" betsjut fean; "wâld" betsjut "bosk". Mar neffens inkele ferhalen soe de namme Moarrewâld ôflaat wêze fan "Moardenerswâld", omdat hjir yn it jier 754 Bonifatius fermoarde wêze soe.

Moarrewâld is in streekdoarp en lei oan de ûntginningsas fan de Dokkumer Wâlden, tichteby de krusing mei de ferbining fan Dokkum nei it suden stiet de tsjerke. Dizze tsjerke is om 1200 hinne boud, yn 1922/1923 waard der in oanbou oan de noardeastkant boud. De tsjerke waard fan 1961 oant 1963 restaurearre.

In 1881 waard Moarrewâld it haadplak fan de gemeente Dantumadiel. It gemeentehûs fan Moarrewâld stie destiids oan de Krúswei. Yn 1972 ferhuze de gemeente nei de Rinsmastate yn Driezum, om yn 1999 werom te gean nei Damwâld.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dr. Jacob Botke ( Huzum, 15 desimber 1877 - Grins, 21 oktober 1939 ), biolooch en learaar yn Moarrewâld fon 1896-1898. Hy sette him yn foar in Frysker Fryslân en rjochte yn 1922 de Fryske Bibleteek op.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]