Springe nei ynhâld

Jacob Botke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dr. Jacob Botke)
Jacob Botke

Jacob Botke (Huzum, 15 desimber 1877 - Grins, 21 oktober 1939) wie in biolooch, ûnderwizer en geakundige.

Botke wie learaar yn Moarrewâld fan 1896-1898. Nei him is yn Damwâld in skoalle en in strjitte neamd. Om 1900 hinne wie er ûnderwizer yn Nymwegen. Dêrnei wie er jierrenlang learaar yn Grins en promovearre yn 1916. Hy sette him yn foar in Frysker Fryslân en rjochte yn 1922 de Fryske Bibleteek op. Fierders wied er lid fan de Provinsjale Underwiisried en pleite foar it ynfieren fan it fak geakunde (in wurd dat er sels betocht hie).

De beneaming stinzeplanten, dy't troch Dr. Jacob Botke yn 1932 foar it earst brûkt waard, is mooglik ynspirearre troch it feit dat de bewenners fan Feanwâlden it by de Skierstins groeiende Haarlimmer klokkespul mei stinzeblomkes oantsjutten.

Jacob Botke wie troud mei Blijke de Groot (1882-1965). It pear krige twa bern: Taeke Jitze Botke (1901 - 1990), de lettere fersetsman, keunstsamler en skriuwer, en Lijsbet Botke (1904-1988). [1]

Wurken (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Heitelân (1919)
  • Fen Fryslâns Groun (1922, 1925, 1942)
  • Fryske plante- en dierenammen (1928)
  • De geakunde op de Fryske skoallen (1931)
  • De gritenij Dantumadiel (1932)
  • Sealterlân (1934)
  • Natûr en gea (6 dielen, 1936-1941)
  • D.T.E.v.d.Ploeg, B.v.d.Veen (red), Balstiennen en wâldblommen, Libben en wurk fan Dr.Jacob Botke. Fryske Akademy Ljouwert, 1977

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. Wiegersma - J. Botke, Fen Fryslâns Groun (1942, mei bibl.)
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Botke, Jacob.
  1. 'Persoanskaart Taeke Jitze Botke' op webside Pondes.nl.