Springe nei ynhâld

Didam

Ut Wikipedy
Didam
Us-Leaffrouwetsjerke
Us-Leaffrouwetsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Montferlân
Sifers
Ynwennertal (1 jannewaris 2024)[1]
Oerflak 32,07 km², wêrfan:
- lân: 31,75
- wetter: 0,32 km²
Befolkingsticht. 541 ynw./km²
Oar
Koördinaten 51° 56' N 6° 7' E
Offisjele webside
(ned) Side oer Didam
Kaart
Didam (Gelderlân)
Didam

Didam (lokaal: Diem) is in Nederlânsk plak yn 'e gemeente Montferlân yn 'e provinsje Gelderlân. It gemeentehûs fan Montferlân stiet yn Didam.

Op it plak fan it hjoeddeiske Didam lei yn 'e Romeinske tiid in Germaanske delsetting. De omkriten fan it plak waarden bewenne troch Gamaven. By in argeologysk ûndersyk súdlik fan de Tatelaarwei binne in grut tal Romeinske saken fûn, lykas munten fan û.o. Nerva, Hadrianus, Antoninus Pius en in 4e-iuwske muntskat. Dêrnjonken binne ek byldsjes fan 'e goadinne Minerva en in wylde baarch fûn.

Oant 1606 stie súdlik fan Didam yn 'e buorskip Oud-Dijk it kastiel Didam. Yn 'e buorskip Greffelkamp stiene de kastielen Manhorst en Luynhorst, wylst west fan Didam de state Nevelhorst stie. Oan de eastlike kant fan it doarp stie de state De Heegh.

De krite waard op 10 augustus 1925 troch in fûle stoarm troffen. Ek yn Didam binne doe in soad hûzen troch it natoergeweld ferneatige.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie Generalkommissar für das Sicherheitswesen Hanns Albin Rauter syn haadkertier yn Didam. Op 6 maart 1945 ried er op 'e jûn út Didam út oer Zevenaar en Arnhim nei Apeldoarn. Underweis rekke er by Woeste Hoeve by in oanslach ferwûne. Yn 'e oarloch binne fiif joadske ynwenners fan it plak fermoarde yn Auschwitz en Sobibór.

Oant 1 jannewaris 2005 bleau Didam in selstannige gemeente. Op dy datum waard de gemeente mei de gemeente Bergh weryndield yn de nije gemeente Montferlân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goatyske Marijetsjerke út 1590 en de Sint-Martinusmûne út 1855 binne it besjen wurdich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Didam