Antoninus Pius

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Búste fan Antoninus Pius

Antoninus Pius (19 septimber 867 maart 161) wie keizer fan it Romeinske Ryk fan 138 oant 161. Hy wurdt beskôge as ien fan de betûftste keizers út de Romeinske skiednis. Syn lange bewâld wie in tiidrek fan frede en wolfeart dêr't it keizerryk ta grutte bloei yn kaam.

Opkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Antoninus Pius waard berne yn de Gallyske provinsjestêd Nemausus (tsjintwurdich Nîmes) yn it jier 86. Hy kaam út in foaroansteande Romeinske famylje en soe nei de dea fan Aelius Caesar op 1 jannewaris 138, de nije kandidaat wurde om keizer Hadrianus op te folgjen. Keizer Hadrianus adoptearre him op 25 febrewaris as soan. Antoninus wie doe al 52 jier âld. In betingst foar de opfolging wie lykwols dat Antoninus de 17-jierrige Markus Aurelius en de 8-jierrige Lusius Ferus as soannen adoptearje soe.

Antoninus Pius as keizer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan Antoninus Pius yn Nimes

De titel Pius hat Antoninus te tankjen oan syn loyaliteit en myldens. Krekt nei syn beneaming as keizer kaam hy yn konflikt mei de senaat. De oanlieding dêrta wie syn takenning fan de earetitel Divu (god) oan de ferstoarne keizer Hadrianus. Omdat de senaat de lêste jierren op minne foet stien hie mei Hadrianus, ynearsten dat foarstel ôfwize woene, drige in konstitúsjonele krisis. Antoninus drige mei ôftreden as de Senaat syn foarstel net oannimme soe. Under de yndruk fan dizze loyaliteit oan de foargonger en syn adoptyf heit joech de Senaat lang om let ta. Om dy reden joech de Senaat him de titel Pius (de "Fromme").

Noch letter stelde de Senaat foar om de moanne septimber nei Antoninus Pius te ferneamen (de moanne july wie al neamd nei Julius Caesar en de moanne augustus nei keizer Augustus Oktavianus) fanwege syn treflik liederskip. Mar dy eare wegere hy perfoarst.

Antoninus Pius wie lokkich troud mei Faustina (Faustina de Aldere om har te ûnderskieden fan harren dochter Faustina de Jongere dy't letter mei Markus Aurelius troude). Sy hienen fjouwer bern dêr't trije net âld fan wurde soene. Allinne syn dochter Faustina bleau yn libben. En ek de frou fan Antoninus Pias stoar rillegau, al yn it tredde jier dat er keizer wurden wie. Antoninus eare har troch de byltenis fan syn frou op in protte munten slaan te litten.

Oer it generaal is der net folle skreaun oer it tiidrek fan Antoninus, omdat er sawat gjin oarloggen fierd waarden, útsein inkelde opstannen yn Noard-Brittanje. As gefolch dêrfan liet Antoninus de nei him ferneamde muorre fan Antoninus bouwe op sa'n 120 km noardliker fan de muorre fan Hadrianus.

De muorre fan Antoninius

It wichtichste barren út dy tiid is wol de fiering fan de 900e jierdei fan de stêd Rome. Op grutske wize waard dat fierd mei ferskate aktiviteiten dy't plakhiene tusken de jierren 147 en 148. It hichtepunt foel op 21 april 147. Der waarden in protte spektakels organisearre dêr't in soad wylde bisten meidiene wêrûnder oaljefanten dy't sels as symboal foar de fiering brûkt wurde soene.

Yn 161 stoar Antoninus Pius in natuerlike dea op 74-jierrige leeftyd yn syn paleis yn Etruria. Hy waard opfolge troch de adoptyfsoannen Markus Aurelius en Lusius Aurelius Kommodus.

Histoariografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Antoninus is de iennige fan alle Romeinske keizers dêr't it libbensferhaal fan oerlevere is troch mar ien dokumint de Historia Augusta, in ûnbetrouber wurk mei in protte sels optochte ferhalen. In protte details fan syn libben binne troch skiedkundigen basearre op publike fermeldings dy't oer him fûn binne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]