Brittanje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
REmpire Britannica-provincia.png

Brittanje (Latynsk Britannia) wie de namme fan de Romeinske provinsje dy't it lettere Ingelân en Wales omfettet. De wichtichste stêd wie Londinium, (tsjintwurdich Londen).

Oermastering troch de Romeinen[bewurkje seksje | edit source]

De oermastering fan Brittanje begûn mei keizer Klaudius yn 43, mar de Britten bleaunen noch in skoft opstannich. Ferneamd wie de opstân fan Boudicca yn 60-61. De Romeinen teagen ûnder Agrikola fierder nei Skotlân, mar út it noarden wei bleau it ferset fan de Pikten. Dêrom bouden de Romeinen twa ferdedigingsmuorren: De muorre fan Hadrianus en de muorre fan Antoninus Pius.

Brittanje hat in skoft ûnderdiel fan it Galyske keizerryk west (260-274), en in stikmannich jier letter (287) wie de súksesfolle generaal Karausius baas yn Brittanje. Hy waard lykwols fermoarde, en syn opfolger, Allektus, waard ferslein troch keizer Konstantius I, sadat yn 296 Britanje wer in diel fan it Romeinske Ryk wie.

Romeinsk Britannia mei de wichtichste diken en stêden

Healwei de 3e ieu waarden de measte stêden fan stiennen muorren en ferdedigingswurken foarsjoen. Utsein Londinium wienen de stêden oer it generaal net grut.

Yn 306 kaam Konstantius him wêrom nei Brittanje. Hy hie te krijen mei ynfallen en fersloech de Pikten. Mar dêrnei stoar hy hommels doe't hy yn York wie. Syn soan Konstantyn waard troch syn troepen as syn opfolger útroppen. Hjirnei folge in rite fan ynterne striid, wêryn't Konstantyn as keizer oerbleau.

Dizze perioade wie foar Brittanje in perioade fan grutte bloei, dy't ta it grutste part fan de 4e ieu trochgean bliuwe soe. Der waard yn dizze periode in soad boud en op tal fan plakken ferskynden grutte partikuliere huzen.

Healwei it midden fan de ieu waard de sitewaasje lykwols minder en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch Pikten, Skotten, Attakotty, Saksen en Franken. Dizze swiere oanfallen barden tusken 364 en 367 en wurde de barbaria conspiratio neamd. Theodosius de âldere (de heit fan de lettere keizer Theodosius I kaam yn 368 nei Brittanje mei in grut ekspedysjeleger om de oarder weromkomme te litten.

Yn 383 waard generaal Magnus Maksimus troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei Theodosius de âldere yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei Galje om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen weromgong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn 388 nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn 398 kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.

De ein fan de Romeinske hearkappij[bewurkje seksje | edit source]

Yn 402 waard troch Stilicho in grut part fan de troepenmacht út Brittanje weihelle omdat it earne oars yn it ryk better ynsetten wurde koe. Germaanske folken as de Alanen, Fandalen en Sueben makken tankber gebrûk fan de sitewaasje en foelen Galje oan. Oare legerûnderdielen yn Britanje kamen dêrby yn opstân. Ut har fermidden waard achterinoar ta keizer útroppen Marcus, Gratianus en Konstantyn. De earste twa bleaunen mar koart oan it bewâld, mar yn 407 ûnder Konstantyn stuts sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in stikmannich jieren fan in protte striid (tsjin ynfallers, tsjin keizer Honorius en tjin oare opstânnelings en troanpretindinten) úteinlik yn 411 ferslein en deade. Yn 409 wiene der yn Brittanje gjin Romeinske soldaten mear en der soenen ek gjin troepen mear hinne stjoerd wurden.