Markus (usurpator)

Ut Wikipedy

Markus [1] (stoarn 406) wie in usurpator dy't yn 406 útroppen waard ta Romeinsk keizer yn Brittanje. Hy waard letter dat jier fermoarde as gefolch fan in nije opstân fan it leger. Fan dizze keizer is net folle bekend. De skreaune boarnen binne koart oer him en wat letter histoarisy oer Markus skriuwe bestiet meast út oannames.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Markus wie offisier by it leger yn ‘e Romeinske provinsje Britannia doe’t er yn de rin fan 406 troch it leger ta keizer útroppen waard, mooglik yn 'e simmer. [2]

Wat no de krekte reden west hat foar syn ferheffing is foar ferskate histoarisy ûnderwerp fan diskusje. Lykwols bestiet gjin ferskil fan mening dat de opstân fan it leger rjochte wie tsjin de westlike oerbefelhawwer Stilicho.

Fan Markus is inkeld bekend dat syn bewâld it leger yn Britannia net nei it sin wie, en hy waard dêrom al gau fermoarde en ferfongen troch in oare usurpator, Gratianus. [3] De dea fan Markus wie om-ende-by oktober 406. [4]

Histoaryske oannames[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst histoarikus J.B. Bury fermoede dat de rebûlje fan de Britske legioenen yn 406 benammen rjochte wie tsjin Stilicho [5] assosjearje eardere boarnen (Olympiodorus fan Theben, Sosimus en Orosius) de rebûlje mei de Barbaarske ynfallen yn Galje en Itaalje, benamen troch de Fandaalske en Alaanske-stammen dy't de Ryngrins oerstutsen (de Rynoerstek). De Rynoerstek waard troch Prosper fan Aquitaine (390-460) datearre op 31 desimber 406. [6] It debat fan moderne histoarisy hat him rjochte op de fraach oft dit barren de trigger wie foar de opstân. Histoarisy lykas N.H. Baynes [7] en M. Kulikowski [8] stelle dat de usurpaty fan Markus it gefolch wie fan de Rynoerstek, en dêrom earder datearre wurde moat, namentlik op 31 desimber 405. Oaren lykwols, lykas F. Paschoud [9] en Anthony Birley [10] gean der fanút dat de datum fan Prosper wol kloppet, en dat in oar barren yn Galje de opstân feroarsake, en mooglik ferban hald mei in ynfal troch Barbaren yn Galje fanút Itaalje, nei alle gedachten in part fan it leger fan Radagaisus dy't Itaalje yn 405/6 binnenfoel. [11]

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it pseudohistoaryske wurk fan Geoffrey fan Monmouth de Historia Regum Britanniae, wurdt in Gracianus Municeps neamd dy't de troan fan Grut-Brittanje stellen hie fan kening Dionotus.[12] Nei alle gedachten hat hy dizze personaazjes basearre op de histoaryske Gratianus en Markus.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarne:

Literatuer:

  • Drinkwater, John F., The usurpers Constantine III (407–411) and Jovinus (411–413), Britannia 29 (1998), 269–98.
  • Kulikowski, Michael, Barbarians in Gaul, Usurpers in Britain, Britannia 31 (2000), 325–345.

Fuotnoat:

  1. Jones, side 719
  2. Sosimus, 6:2:1; Birley, side 458
  3. Sosimus, 6:2:1
  4. Birley, side 458
  5. Bury, side 138
  6. Birley, side 456-459
  7. Baynes, N.H., Journal of Roman Studies, 12 (1922), side 417ff
  8. Kulikowski, M, Brittania, 31 (2000), side 326ff
  9. Paschoud, F., Zosime, Histoire Nouvelle, i2. Livres I et II (2nd edn., 2000), iii. 2 n. 115, 20ff. n. 119, 28ff
  10. Birley, side 457-459
  11. Birley, side 458-459
  12. Monmouth, Historia Regum Britanniae, 6:1