Springe nei ynhâld

Artur Albrecht

Ut Wikipedy
Artur Albrecht
militêr
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dútsk
berne 15 desimber 1903
berteplak Penzig, Dútske Keizerryk
stoarn 21 maart 1952
stjerplak Waalsdoarperflakte
wurkpaad
tsjinsttiid ?-1945
yn tsjinst fan Nazy-Dútslân
legerûnderdiel Schutzstaffel
heechste rang
SS-Hauptsturmführer
konflikt(en) Twadde Wrâldoarloch

Wilhelm Artur Albrecht (Penzig, 15 desimber 1903 - Waalsdoarperflakte, 21 maart 1952) wie in Dútske militêr en de lêste Dútske oarlochsmisdiediger dy't yn Nederlân yndie de deastraf krige.

Albrecht wie foar de Twadde Wrâldoarloch plysjekommandant yn Dútslân. Fan 1935 ôf wie er yn tsjinst fan de Gestapo. Yn de oarloch hie er de rang fan Hauptsturmführer binnen de SS. Yn septimber 1944 waard er út Gent wei oerpleatst nei Ljouwert, dêr't er it Aussenkommando ('bûtenkommando') fan de Sicherheitsdienst en Sicherheitspolizei late. Hy wie yn dy funksje ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de oarder yn Fryslân.
Yn dy funksje wied er aktyf en passyf belutsen by marteling en eksekúsjes fan fertochten. Albrecht wie ferantwurdlik foar de eksekúsje fan tsientallen finzenen, benammen as represaille foar aksjes fan it ferset. Sa hie er bygelyks de lieding by de represaille-eksekúsje op 22 jannewaris 1945 yn Dokkum.

Op 5 maaie 1945 waard Albrecht yn Aerdenhout (Noard-Hollân) oanholden; hy wie ferklaaid as ûnderoffisier. Hy waard troch it Bysûnder Gerjochtshof fan Ljouwert ta de dea feroardield. Op 21 maart 1952 waard Albrecht tegearre mei Andries Pieters fusillearre op de Waalsdoarperflakte. Dat wie de lêste kear dat in deafûnis yn Nederlân útfierd waard.

Registraasjenûmer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • SS-nr.: 272617

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]