Springe nei ynhâld

Sickemastate

Ut Wikipedy
Sickemastate yn 1722
It poartegebou fan Sickemastate

Sickemastate of Sikkemastate stie yn Hjerbeam yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Allinnich it poartegebou is stean bleaun op it steed dêr 't yn 2010 in pleats op stiet.

De State waard grif al yn de fyftjinde iuw bewenne. Oan de rykswei Frjentsjer-Hjerbeam is it oerbliuwsel fan it poartegebou fan Sikkemastate te sjen. De poarte is opboud fan roaswinkels en lytse giele stientsjes. It is in ryksmonumint.

De Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 skriuwt:
State Sikkema, waarvan de poort nog in wezen is. Opdezelve woonde in 1635 Andries Waltinga en daarna Douwe Walta, oud grietman van Barradeel. Ook op dezelve is geboren de heer Jr. Sikko van Goslinga.
Yn it 'Register van den Aanbrengh' wurdt sprutsen oer in Andries fan Waltinga, dy't al yn 1546 neamd wurdt. Hy is mooglik de foarfaar fan Andries Waltinga.

De grêft dy't om de state lei is noch foar in part te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Aardrijkskundig Woordenboek, Van der Aa
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979
  • Register van den Aanbrengh, diel II, side 293
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992