Springe nei ynhâld

It Hannemahûs

Ut Wikipedy
Hannemahûs

It Hannemahûs is it Harnzer gemeentemuseum yn in patrysjershûs yn it sintrum fan Harns.

Yn 1744 beluts de keapman Sjoerd Hannema it hûs, nei syn houlik mei Liesbet Scheltema. Hy liet in nije foargevel bouwe. Dy klokgevel markearret noch altyd it rjochtergedielte fan it gebou.

In oar famyljelid, Sjoerd Jacobus Hannema, liet yn 1825 it linkergedielte fan it hûs bouwe, dat in listgevel krige. Leendert Jacobus Hannema wie de lêste telch út dit Harnzer keapmanslaach dy't it hûs bewenne. Yn 1957 rjochte hy in diel fan syn hûs yn as museum. Hy stoar yn 1964 en legatearre it hûs oan de gemeente Harns, dy't neffens de wilsbeskikking it museum fuortsette.

It hiele hûs waard doe as museum ynrjochte. Sûnt dy tiid wurde der objekten sammele en tentoansteld dy't nau ferbûn binne mei de skiednis en de keunstskiednis fan Harns, lykas Harnzer tichel- en ierdewurk, maritime foarwerpen, iuwenâlde skilderijen (ûnder oare fan 'Granida en Daifilo' fan Jacob Adriaensz Backer), foto's, sulverwurk, ferskate âlde dokuminten en meubels. Der is ek in Simon Vestdijkkeamer. Yn dy keamer is, neist in tal oare saken dy't mei de skriuwer te krijen hawwe, syn folsleine wurk yn earste printingen te sjen. Syn bertestêd spilet ûnder de namme 'Lahringen' yn ferskate boeken in sintrale rol. It grutste part fan It Hannemahuis hat in fêste opstelling. Dêrneist wurde geregeldwei tentoanstellingen organisearre fan inoar ûntrinnende soarten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: