Patrysjer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In patrysjer (ek skreaun as patrisiër) is ien dy't ôfkomstich is út it laach of de famylje dat fan âldsher de bestjoerders levere foar in maatskippij. Sosjaal en kultureel sjoen binne dy geslachten alhiel identyk oan de eallju.

Eltse maatskippij hat patrysjers, yn it âlde Rome hienen sy it rjocht om sit te nimmen yn de Senaat. Yn Fryslân komt it begryp haadling út de midsieuwen gruttendiels oerien mei dat fan patrisiër.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Patrysjer of Patricius yn it Latyn is oarspronklik de namme foar de famylje fan inkele Romeinske geslachten; it haad (pater of heit) fan sa'n famylje wie lid fan de Senaat. Patrisiërs wienen mei oare wurden leden fan de Romeinske adel, en dy betsjutting hat it wurd hjoed de dei noch hieltyd yn in protte lannen. Streekrjocht tsjinoer de patrisiërs stean de plebejers of de plebs.

It begryp patrysjer werlibbe yn de lette Midsieuwen, wannear't yn de stêden de wichtichste geslachten har groepearren om de bestjoerlike funksjes (Grytman, skepen, ...) ûnderinoar om beurten te ferdielen.