Nikolaastsjerke (Mullum)
Nikolaastsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns | |
plak | Mullum | |
adres | Tsjerkestrjitte 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 20808 | |
offisjele webside | ||
Side tsjerke fan Mullum |
De Nikolaastsjerke oan de Tsjerkstrjitte is de 13e iuwske tsjerke fan Mullum. De Protestanske gemeente Harns-Mullum is eigner fan it gebou.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1967 bleau de herfoarme gemeente fan Mullum in selsstannige gemeente. Sûnt foarme de gemeente mei Harns ien gemeente. Yn 2018 fusearren de herfoarmen en grifformearden fan Harns en Mullum ta de Protestanske gemeente Harns-Mullum.
Skiednis gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard de op in terp lizzende tsjerke wijd oan Nikolaas fan Myra. Dy terp waard neffens boaiumfynsten al sûnt de 1e-3e iuw bewenne. Ek binne der resten fûn fan in houten tsjerkje. De hjoeddeiske sealtsjerke mei in fiifsidich koer stamt út likernôch 1200 en ferfong mooglik in foargonger fan dowestien, al is dat lêste net mei wissichheid te sizzen. Yn de rin fan de tiid waard de fan oarsprong romaansk tsjerke ferskillende kearen ferboud.
Op in 17e iuwsk doarpssicht fan Mullum fan de skilder Abraham van Beerstraten is in goatyske krústsjerke te sjen mei in toer dy't ôfsletten wurdt fan in lantearne. Healwei de 15e iuw waard de tsjerke gotisearre en ek oan it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw fûnen der wichtige feroarings oan it gebou plak. Yn 1810 waard de lantearne fan de toer ôfbrutsen en ferfongen troch in spits. Ek waard de toer yn dy tiid ommitsele. Oan de noardlike kant fan de yn de 19e iuw wyt pleistere tsjerke waard yn 1912 in konsistoarje oanboud.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan de tsjerke wurdt oerkape mei in houten tonferwulft. Yn it koer stiet in ienfâldige preekstoel mei doophek. De banken binne 19e iuwsk. Oer de flier lizze in tal sarken, û.o. fan de famylje Hannema.
Yn de toer fan de tsjerke hingje twa âlde klokken. Ien klok mei in diameter fan 81 sintimeter stamt út 1464 en waard troch Reinerus getten. Unbekend is de jitter fan de twadde klok, dy't nei alle gedachten ek yn de 15e iuw getten waard. Ek it oerwurk fan de tsjerke is tige âld.
Tsjin de toer stiet in geve âlde sark mei in ôfbyld fan in houtseachmûne.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel waard yn 1811 troch Lambertus fan Dam boud. It ferfong doe in âlder oargel út de 18e iuw. Yn de jierren 1980 waard it ynstrumint foar it lêst troch Bakker & Timmenga restaurearre. Bysûnder is de klok yn it oargelfront.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oare tsjerken fan de PKN gemeente Harns-Mullum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|