Grifformearde tsjerke (Harns)
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Harns | |
adres | Mullumerleane 24 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1953 | |
arsjitekt | Hindrik Eldering | |
offisjele webside | ||
Side PKN-Hars-Mullum |
De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou oan de Mullumerleane yn Harns. Sûnt 2018 is it ien fan de trije tsjerken fan de Protestanske gemeente Harns-Mullum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1953 troch de arsjitekt H. Eldering fan Ljouwert foar de grifformearden boud, nei't dy as gefolch fan de skuorring yn 1944 harren tsjerke oan de Noarderkade kwyt rekken oan it yn dy tiid nije tsjerkegenoatskip fan de frijmakke grifformearden.[1]
Oan it begjin fan 2007 waard it ynterieur fan de tsjerke mei help fan frijwilligers renovearre en modernisearre. Sa waard û.o. it liturgysk sintrum fernijd en fan nij meubilêr foarsjoen. Ek waard it hiele gebou fan binnen farve en de flier mei laminaat belein. Boppe it liturgysk sintrum krige in leger plafond in stjerrehimel.[2]
Op 1 jannewaris 2018 fusearren de grifformearden mei de herfoarme gemeenten fan Harns en Mullum.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1951 boud troch de firma Pels & van Leeuwen (De Bosk).[4]
Oare tsjerken fan de PKN Harns-Mullum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grutte tsjerke, Harns
- Nikolaastsjerke, Mullum
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |