Grutte Tsjerke (Harns)

Ut Wikipedy
Grutte tsjerke fan Harns
Ynterieur

De Grutte Tsjerke is in tsjerkegebou yn de stêd Harns.

De hjoeddeiske tsjerke waard boud op it stee fan de Midsiuwske tsjerke (Dom fan Almenum) dy't op in terp stie. Dizze waard yn 1772 ôfbrutsen mei útsûndering fan de dowestiennen toer. De hjoeddeiske krústsjerke waard yn 1775 yn gebrûk nomd.

It tsjerkoargel komt ek út dat jier en waard boud troch Albertus Antoni Hinsz. Yn 1864 waarden wizigingen yn it oargel oanbrocht troch Petrus van Oeckelen.

Yn de tsjerke lizze de grêven fan admiraal Auke Stellingwerf en fan Tsjerk Hiddes de Vries.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]