Rabobank

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It haadkantoar yn Utert

De Rabobank, is in konglomaraat fan lokale koperatyf-organisearre finansjele tsjinstferlieners. De measte by de Rabobank oansletten lokale koperaasjes binne oan it begjin fan de 20e iuw ûntstien. 'Rabobank' is in ôfkoarting fan 'Raiffeisen-Boerenleenbank'. De Raiffeisenbanken binne yn de 70-er jierren fan de 20e iuw fusearre mei de Boerelienbanken.

Yn 1898 binne twa sintrale organisaasjes oprjochte, dy't by de fúzje yn 1972 de organisaasje foarme hawwe dy't tsjintwurdich bekend stiet as Rabobank Nederlân. De lokale Rabobanken binne oandielhâlders fan dy organisaasje.