Springe nei ynhâld

Rabobank Nederlân

Ut Wikipedy

Rabobank Nederlân, hannelsnamme fan 'e Coöperatieve Raiffeissen-Boerenleenbank B.A., is de sintrale organisaasje fan de Rabobank, in konglomaraat fan lokale koperatyf-organisearre finansjele tsjinstferlieners.

Sintraal kantoar yn Utert

Oars as by de measte finansjele ynstellings, is Rabobank Nederlân yn eigendom fan de pleatslike banken en dêrmei in dochterûndernimming fan de oansletten koperaasjes.

Rabobank Nederlân fersoarget foar dy lokale Rabobanken ûnder oaren de produkûntwikkeling, juridyske bystân, merkstrategyen, reklame en fermerkjen, automatisearring en ynformaasje en ymplemintaasje fan wet- en regeljouwing. Fierder binne der troch de lokale banken spesjalisten op ferskate mêden by harren sintrale dochterûndernimming yn te hieren.

Ald-Akkrummer Wim Duisenberg is ien fan de bekendste eardere bestjoersfoarsitters fan dizze organisaasje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]