Springe nei ynhâld

Koöperaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koperaasje)
Tegeltableau CO-OP yn Roermond

De koöperaasje is in foarm fan selsorganisaasje fan produsinten of ferbrûkers, rjochte op it fergrutsjen fan de ekonomyske macht en it heljen fan skaalfoardiel. De wet yn Nederlân, Belgje en oare lannen makket it bestean fan in 'koöperative feriening' mooglik.

Koöperaasjes hawwe it tige grutte rol spile yn de ekonomyske emansipaasje fan grutte groepen fan de befolking, benammen om de iuwwikseling fan de 19e nei de 20e iuw. Middels de koöperaasje koenen produsinten (benammen) en konsuminten har ferienje en sa meiïnoar doelen berikke dy't foar elk yndividu ûnberikber west hawwe soenen, benammen op it mêd fan ynvestearrings.

Fryslân hat it tige grutte koöperative skiednis, wêrby't suvelkoöperaasjes oprjochte waarden ( en noch altiten bestean, de grutte molkbedriuwen komme fuort út of binne noch koöperaasjes, lykas Frico), neist ferbrûkskoöperaasjes lykas de grutte lânboukoöperaasjes ek bûten Fryslân lykas de Avebe en de CAF en finansjele tsjinstferlieneners as boerelienbanken en ûnderlinge ferzekeringsmaatskippijen, lykas FBTO en wenningboukoöperaasjes. In tige nijsgjirrige foarm wie dy fan de boereselsorganisaasje fan de Erfgoaiers yn it Goai, dy't rjochte wie op it mienskiplik brûken fan lânbougrûnen. Begjin jierren sechtich waarden yn lytse regio’s ferienings oprjochte om by it weifallen fan de boer of túnker de kontinuïteit fan boerebedriuwen yn te stean, de Agraryske Bedriuwsfersoarging (AB). AB is der hjoeddeisk noch altiten, al is it takepakket wyls flink útwreide. Ek yn de rest fan Europa binne in soad koöperaasjes ûntstien; yn de Feriene Steaten lykwols sa goed as net.

By koöperative ûndernimmings binne de leden-eigeners tagelyk wichtige sakepartners fan de koöperaasje en binne dêrtroch nau belutsen by de strategy. Harren rol is tafersjoch hâlde en de ynvestearrings mei bepale. Yn Nederlân binne hast alle koöperative ûndernimmingen yn de lânbou en de koöperative Rabobank en ûnderlinge fersekeringsmaatskippijen lid fan de Nasjonale Koöperative Ried foar lân - en túnbou, koartwei de NCR. Dizze befoardert it koöperatyf ûndernimmerskip. Der bestiet ûnder mear in learstoel 'koöperatyf rjocht' oan de Universiteit fan Tilburg.

koöperative winkel yn Ingelân

De koöperaasje is in Britske útfining. Yn 1760 waarden al koöperative moalfabriken iepene yn Woolwich en Chatham. De arbeiders wienen eigeners fan it fabryk en koenen net allinnich moal, mar ek bôle, bûter en sels tee en sûker fan it fabryk keapje. Robert Owen (1771-1858) waard troch it idee ynspirearre. Yn 1816 stelde hy oan it Britske parlemint foar koöperative mienskippen op te rjochtsjen. Dit late wer ta de oprjochting fan it tydskrift "The Co-operator", mei ynstruksjes foar it oprjochtsjen en bestjoeren fan in koöperative mienskip. De oanhingers fan it idee organisearren in oantal kongressen yn de jierren 1831-1835 dêr't stadichoan it idee fan koöperative mienskippen plak makke foar koöperative winkels.

De orizjinele winkel fan The Rochdale Society of Equitable Pioneers

It prototype fan de koöperative winkel wie "The Rochdale Society of Equitable Pioneers", oprjochte yn augustus 1844. De oarspronklike winkel yn Toad Lane te Rochdale is no in museum fan de koöperative beweging. It súkses fan dizze winkel kaam troch it feit dat de winst ferdield waard ûnder de leden fan de koöperaasje middels in dividend oan de ein fan it jier, ôfhinklik fan it tal oankeapen. Foar de administraasje fan wat de leden oankocht hienen waarden pinningen útjûn. Om 1860 belibbe de beweging in hichtepunt fan groei.

It marxisme omearme de koöperative beweging, wêrtroch't it ek in politike beweging wie mei natuerlike politike fijannen. De belangrykste dêrfan wie de tsjerke. Dizze hie al iuwen de earmesoarch op har nomd. It seach de sosjalistyske koöperaasjes dêrom as in foarm fan krityk, te mear omdat it sosjalisme sterk anti-klerikaal wie. Boppedat wie it doel fan de earmesoarch tsjerkegong, wylst it doel fan de koöperaasje emansipaasje fan de arbeider wie. Wichtige Nederlânske koöperative winkels droegen nammen as "Eigen Help" en "Help Jo Sels". Yn Belgje foel de skieding tusken klerikalen en sosjalisten frij goed gear mei dy fan Walen en Flamingen en dy fan relative wolfeart en earmoede, wêrtroch't de taalstriid fierder oanmoedige waard. De tsjerke ûntmoedige koöperaasjes of besocht se ûnder kontrole te krijen. Yn Frankryk wie de macht fan de tsjerke brutsen troch de Frânske Revolúsje en ûnderfûn de koöperative beweging net folle wjerstân. Bedriuwen iepenen koöperative kantines en winkels. Sels yn it leger wie in koöperative mess hiel gewoan. Rûnom ûntstienen militêre tehuzen (cercles militaire) dy't fiedsel en ûnderdak beaen oan militêren.

Nei de Earste Wrâldoarloch sette in stadich ferfal fan de koöperative beweging yn. De koöperative winkels koenen net konkurrearje mei de skaalfoardielen fan grutter wurdende winkelketens en it motyf fan earmoedebestriding waard ûndergroeven troch de tanimmende wolfeart. Tsjin dy tiid wienen lykwols wer nije foarmen fan koöperaasjes fan de grûn komd, benammen yn de agraryske sektor en de dêrmei gearhingjende finansjele ynstellingen, lykas de Raiffeisenbanken.

It fennoatskipsrjocht hat ferskate farianten fan de koöperative feriening of de koöperaasje. Yn Belgje sprekt men fan koöperative fennoatskip of koartwei koöperative. Dizze fennoatskippen binne in bysûndere fariant op de feriening, wêrby't de gearwurkingsgedachte yn it hannelsferkear foarop stiet. Der kin bygelyks mienskiplik oan- en ferkocht wurde. Yn it earstoan hie de koöperative gedachte ek it prinsipe fan "ien persoan, ien stim". Yn dat gefal hat elk lid in likense stim, los fan de ynbring, dêr wêr't yn de kapitaalfennoatskippen it stimrjocht ferbûn is oan it oantal oandielen, it prinsipe fan "ien euro, ien stim". Tsjintwurdidch wurdt -ûnder ynfloed fan de EU- opnij mear optearre foar stimrjocht dat ferbûn ias oan de ynbring.

De Nederlânske koöperaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koöperaasje is in feriening dy't opkomt foar de materiële belangen fan har leden, troch oerienkomsten mei harren ôf te sluten. By de koöperaasje mei winst útkeard wurde oan de leden. Der binne meardere soarten koöperaasjes, wêrfan fjouwer de bekendsten binne:

  • bedriuwskoöperaasjes, wêrby't de leden it bedriiuw útoefenje en de koöperaasje de ynkeap, ferkeap en/of bepaalde tsjinsten foar de leden fersoarget
  • konsumintekoöperaasjes, wêrby't de leden spullen keapje fan de koöperaasje, dy't foar dizze leden mienskiplik ynkocht hat, bygelyks de CAF
  • produkten- of tsjinstenkoöperaasjes, wêrby 't leden tagelyk wurknimmer fan de koöperaasje binne
  • de eigenerskoöperaasje, wêrby't de leden primêr as eigener fan de ûndernimming yn de koöperaasje febrûn binne mei de koöperaasje. De eigenerskoöperaasje is yn Nederlân ûntwikkele troch de A.L.P. Wattenberg. Hjoed de dei stiet de eigenerskoöperaasje ek bekend as de MKB-Koöperaasje

Oprjochtingsfereasken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In koöperaasje moat oprjochte wurde troch minstens twa persoanen. Hjirfoar moat in akte opmakke wurde troch de notaris. De koöperaasje moat ynskreaun wurde yn it hannelsregister. Elke koöperaasje is ferplichte om jierstikken op te stellen én dizze iepenbier te meitsjen by de Keamer fan Keaphannel.

Oanspraaklikheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koöperaasje is in rjochtspersoan en dus sels oanspraaklik foar har hannelingen. De leden fan de koöperaasje binne by de ûntbining dêrfan, elts foar in likens part oanspraaklik foar de tekoarten fan de koöperaasje. Der kin fan dizze wetlike oanspraaklikheid (WA) ôfwykt wurde troch yn de statuten de oanspraaklikheid fan de leden te beheinen of út te sluten. De koöperaasje mei beheinde oanspraaklikheid (BA), beperkt de oanspraaklikheid ta in bepaald maksimum. By de koöperaasje mei útsluten oanspraaklikheid (UA) is der gjin ferhelrjocht op de leden. Ek kinne de statuten de ferdieling fan de oanspraaklikheid oer de leden oars regelje. Fierders binne op de bestjoerders fan koöperaasjes ek de regels fan de anti-misbrûkwetjouwing fan tapassing.

Oer de winst fan de koöperaasje, wurdt fennoatskipbelesting heft. Leden dy't tagelyk wurknimmer fan de koöperaasje binne, falle ûnder de leanheffing. In koöperaasje is net ûnderwurpen oan dividendbelesting en wurdt dêrom mear en mear as 'planning tool' brûkt yn ynternasjonale fiskale struktueren. In koöperaasje kin boppedat in fiskale ienheid foar de heffing fan fennoatskipsbelesting foarmje mei dochter-BV's en SE's (Europeeske NV's).

De kontinuïteit fan de koöperaasje is garandearre troch har rjochtspersoanlikheid. It yn- en úttreden fan leden is regele yn de statuten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Christian Lucas: Das Genossenschaftsrecht der Niederlande. Shaker, Aachen 2001, ISBN 3-8265-9141-0.