Springe nei ynhâld

Pinning (medalje)

Ut Wikipedy

In pinning, peinje of penje is in soarte medalje dy't yn gebrûk is sûnt de Renêssânse.

Yn de Nederlannen komme de earste fan dizze pinningen út de 16e iuw. It binne meast portretpenningen fan pommeranten, ûnder oare in rige portretten fan Wigle fan Aytta dy't makke binne troch J. Jonghelinck út Antwerpen. De earste Fryske pinningen komme lykas yn alle oare noardlike gewestlike pinningen út de earste jierren fan de Opstân. Se binne yn opdracht fan de Steaten slein yn de munthuzen as oantinken oan glorieuze feiten: it sljochtsjen fan de Spaanske forten yn Ljouwert, Harns en Dokkum (1580), de ferovering fan Grinslân (1584.

Yn de 17e iuw komme ynstee fan de yn munthuzen sleine pinningen, offisjele triomfpinningen fan spesjalisearre medaljeurs, meast yn Hollân. Dy meitsje spesjale pinningen foar ferskate Fryske gelegenheden, bygelyks de iepening fan de Strobosser Trekfeart (J.Lutma, 1656), de yntocht fan Willem IV yn Ljouwert (M. Holtshey, 1734), by de erkenning fan de Feriene Steaten (B.C. van Calkar, 1782). Guon pinningen binne fan ynhiemske medaljeurs dy't net by namme bekend binne. Ien fan harren wie Andele Andeles. Benammen yn Fryslân waarden in soad gravearre famyljepinningen makke. Oare bekende pinningen wienen elekteurspinningen, gildepinningen, histoarjepinningen en lândeipinningen. In soad pinningen binne te sjen yn it Munt- en Penningkabinet de Jan Binneswei yn Surhústerfean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Penning.
  • Jierboek Munt- en pinningkabinet XL, (1953) side 1-48
  • Repertoarium Fryslâns Ferline 336 - 339