Friedrich Wilhelm Raiffeisen
Friedrich Wilhelm Raiffeisen (Hamm (Sieg), 3 maaie 1818 - Heddesdorf, 11 maaie 1888) wie in Dútske koöperative lieder en boargemaster. Hy wie de betinker fan it idee fan koöperative selshelp.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn libben hat er boargemaster fan in oantal plakken west. Fan 1845 oant 1848 wie hy boargemaster fan Weyerbusch/Westerwald; sûnt 1848 wie hy boargemaster fan Flammersfeld/Westerwald; en op it lêst wied er boargemaster fan Heddesdorf yn de perioade 1852 - 1865.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn perioade as jonge boargemaster fan Flammersfeld kaam Friedrich Raiffeisen mei it idee fan koöperative selshelp. Dit idee wie ynspirearre nei it sjen fan de earmoede ûnder de boerebefolking troch it werombeteljen fan jild oan woekerders. Om yn dizze need te foarsjen, rjochte hy ûnder mear in woldiedigensferiening op. Geandewei seach hy lykwols yn dat foar duorsume ferbetterings selshelp mear fertuten die as woldiedige stipe. Dêrom foarme hy yn 1864 syn woldiedigensferiening om yn in boerelienbank. Dizze Heddesdorfer Darlehnskassen-Verein samle de sparjilden fan de ynwenners fan it plattelân yn om dêrmei te foarsjen yn de behoefte oan kredyt. Dit idee hat dêrnei yn in soad lannen neifolging krigen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friedrich Wilhelm Raiffeisen fan Wikimedia Commons. |