Springe nei ynhâld

Westerwald

Ut Wikipedy
Westerwald
  berchtme
geografy
diel fan Rynlânsk Laaiplato
lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Rynlân-Palts
Hessen
sifers
oerflak 3.000 km²
lingte 60 km
heechste punt Fuchskaute
hichte 657 meter
geology
yndieling leechberchtme
stiensoarte basalt, kwartsyt, laaistien

It Westerwald is in berchtme yn de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts en Hessen. Likernôch 40% fan it berchtme is oerdutsen mei bosk en it heechste punt is de 656 meter hege Fuchskaute.

It Westerwald is ûnder te ferdielen yn trije lânskippen:

Hohe Westerwald

De heechste top fan it Westerwald leit yn it Hohe Westerwald. It berchtme is dêr 450 oant 657,5 meter heech en ek de Fuchskaute, de heechste berch fan it Westerwald, leit dêr. Ek it plak dêr't de dielsteaten Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts en Hessen in trijelannepunt foarmje leit yn dat diel. Karakteristyk foar it lânskip wiene de iepen plakken tusken de bosken, faak heidefjilden. In soad heide is ferdwûn en it lêste heidefjild leit by Westernohe.

Oberwesterwald

It Oberwesterwald is foar in part fulkanysk heuvellân mei gruttere basaltôfsettings, fral yn it gebiet fan de Westerwälder Seenplatte (de marrekrite fan it Westerwald) op in hichte fan likernôch 350 oant 500 m. Yn it suden giet it gebiet as ûnderdiel fan de Lahn-delte oer yn it heuvellân fan it Limburchske bekken.

Lânskip by Ollmersch
Niederwesterwald

In oare namme fan it Niederwesterwald is it Unterwesterwald, dat grinzget oan de deltes fan de Ryn en de Lahn. Dat diel leit yn it westen en súdwesten fan it Westerwald. It gebiet is 200 oant 400 meter heech. Legere dielen lykas de Dierdorfer Senke en de Montabaurer Senke steane bekend om de klaaiôfsettings en de dêr ûntwikkele pottebakkerskultuer (Kannenbäckerland). De Montabaurerhöhe op sa'n seis kilometer westlik fan Montabaur en 12 kilometer noardeastlik fan Koblenz is in heuvelrêch fan 10 oant 15 kilometer lang mei in soad bosk en in hichte fan maksimaal 542,5 m. It yn it noardwesten oangrinzgjende Siebengebirge by Bonn (oant 460,7 m) leit al by it Middenryngebiet.

It gebiet wurdt begrinzge troch de rivieren de Sieg yn it noarden, de Heller yn it noardeasten, de Dill yn it easten, de Lahn yn it suden en de Ryn yn it westen.

Heechste toppen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Fuchskaute (657 m), by Willingen, Westerwaldkreis (Rynlân-Palts)
  • Stegskopf (654 m), by Emmerzhausen, lânkring Altenkirchen (Rynlân-Palts)
  • Salzburger Kopf (653 m), by Salzburg, Westerwaldkreis, (Rynlân-Palts)
  • Höllberg (643 m), by Driedorf, Lahn-Dill-Kreis, (Hessen)
  • Auf der Baar (618 m), by Driedorf/Breitscheid, Lahn-Dill-Kreis, (Hessen)
  • Barstein (614 m), by Breitscheid, Lahn-Dill-Kreis, (Hessen)
  • Knoten (605 m), by Driedorf, Lahn-Dill-Kreis, (Hessen)
  • Die Höh (598 m), by Burbach, Siegen-Wittgenstein, (Noardryn-Westfalen)
  • Alarmstange (542 m), by Horresen, Westerwaldkreis, (Rynlân-Palts)
  • Köppel (540 m), by Montabaur, Westerwaldkreis, (Rynlân-Palts)

Om it jier 800 hinne hie it Westerwald mear delsettings as oare Dútske middelberchtmes. Dat hie te krijen mei it feit dat âlde ferskearsrûtes troch it gebiet rûnen, mar ek it foarkommen fan izererts, it ienfâldich te bewurkjen lân en it grutte tal wetterboarnen soargen foar goede betingsten om jin doe dêr nei wenjen te setten. Tusken 1000 oant 1200 waarden noch mear delsettings stifte. Ek al ferdwûnen letter wer in soad delsettings, karakteristyk foar it Westerwald bleau it grutte tal lytse doarpen, dy't nea fier fan inoar ûnstiene.

Ofhinklik wer't de grinzen fan it gebiet lutsen wurde, wenje yn it Westerwald likernôch 400.000 minsken yn sa'n 400 plakken. Mar 16 plakken hawwe mear as 5.000 ynwenners en dan binne dy gruttere plakken fakentiden ek noch by weryndielings ûnstien troch ferskillende lytsere plakjes byinoar te foegjen.

De grutste plakken binne Montabaur, Hadamar, Höhr-Grenzhausen, Dornburg en Ransbach-Baumbach.

Lanskip yn it sintrum fan it Westerwald

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Westerwald.