Springe nei ynhâld

Hadamar

Ut Wikipedy
Hadamar
Riedshûs.
Riedshûs.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkringLimburg-Weilburg
Stedsyndieling6 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal13.093 ( (31.12.2023)[1]
Oerflak40,99 km²
Befolkingsticht.319 ynw./km²
Hichte129 m boppe seenivo
Oar
Postkoade65589
Koördinaten50° 27' N 8° 3' E
Offisjele webside
www.hadamar.de
Kaart
Hadamar (Hessen)
Hadamar

Hadamar is in plak yn 'e lânkring Limburg-Weilburg yn 'e Dútske dielsteat Hessen.

Hadamar grinzget oan 'e kreisstadt Limburch oan de Lahn en leit tusken Keulen en Frankfurt oan de Main oan 'e súdlike râne fan it Westerwald op in hichte fan 120 oant 390 meter boppe seenivo.

Oan 'e râne fan 'e stêd leit in grutte klinyk foar de psychiatry en de psychoterapy. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klinyk brûkt om dêr yn it ramt fan Aktion T4 tûzenen minsken mei in beheining of stoarnis te fermoardzjen. Ta oantinken fan dy tiid is yn ien fan 'e gebouwen tsjintwurdich de Gedenkstätte Hadamar ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: