Leechberchtme
Appearance
In leechberchtme of leechberchte is neffens de geology en de geografy in berchtme mei in trochsneed hichte fan tusken 200 en 500 meter. Yn 'e plantegeografy wurde de fegetaasjesône fan dy hichte oantsjut as de kolline sône, nei it Frânske wurd col, dat "berchpas" betsjut. As bergen heger binne, hearre se ta it middelberchtme (500–1500 m). Yn it leechberchtme geane heuvels oer yn bergen, mar wêr't krekt de skiedsline lutsen wurde moat, is net goed wer te jaan. Geologysk sjoen binne leechberchtmen net heger om se nea heger west binne of om't se nei har ûntstean troch eroazje ôfsliten binne. Bekende leechberchtmen binne it Teutoburgerwâld en it Wezerberchlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|