Dill (rivier)
De Dill is in 55 kilometer lange sydrivier fan de Lahn, yn it westen fan de Dútske dielsteat Hessen.
De Dill ûntspringt ûngefear 1,8 km noardwestlik fan Offdilln op de súdeastlike skeante fan de Haincher Höhe op sa'n 567 meter boppe seenivo en rint nei suden ta troch de Lahn-Dill-Kreis, lâns Dillenburg en Herborn. By Wetzlar mûnet er yn de Lahn út.
De wichtichste sydrivieren fan de Dill binne de Dietzhölze by Dillenburg en de Aar by Herborn-Burg.
In protte plakken oan de iggen fan de rivier ûntliene der har namme oan. Oan de bopperin fan de rivier binne dat Offdilln, Dillbrecht, Fellerdilln, Dillenburg, en fierder de stream ôf Dillheim. Dillenburg wie it haadplak fan it eardere distrikt Dillkreis en residinsjestêd fan it Hûs fan Oranje-Nassau.
-
De boarne fan de Dill
-
De Dill yn Dillenboarch
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dill (Lahn) fan Wikimedia Commons. |