FBTO
FBTO is in ûnderlinge fersekeringsmaatskippij út Ljouwert, oprjochte yn 1956 as Friese Boeren en Tuinders Onderlinge. FBTO is ûnderdiel fan de finansjele tsjinstferliener Achmea, de grutste ferzekeringsgroep fan Nederlân. Achmea is wer in ûnderdiel fan Eureko.
FBTO makke reklame mei de bekende Nederlanners Monique van de Ven en letter mei de stim fan Bennie Jolink.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûnderlinge fersekering waard yn 1956 oprjochte troch de Fryske Maatskippij fan Lânbou en it Fryske kristlike Boeren en Túnkersbûn mei de gedachte Fan elkoar en mei elkoar. Yn it earstoan koenen allinnich lânbouwers en túnkers dy't yn Fryslân wennen har oanslute. Soks omdat de wurkleazenswet út 1952 net jilde foar selsstannigen. Yn 1963 koenen ek oaren har oanslute by de ûnderlinge skeafersekering. Der waard doe el wurke mei it systeem fan 'direct writer', dus sûnder tuskenpersoanen. Sûnt de opkomst fan ynternet is it direkte kontakt mei de fersekerder noch fersterke. It pakket fersekeringen is letter útwreide nei hast alle foarmen fan fersekeringen en it gebiet waard útwreide ta hiel Nederlân en dêrbûten.