Josse de Haan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Izaäks (Josse) de Haan (Peins, 20 jannewaris 1941) is in skriuwer en dichter dy't yn it Frysk en Nederlânsk publisearret.

De Haan wie fan 1962 oan 1971 haad fan de skoalle yn Hjerbeam. Yn 1971 waard er beneamd as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip yn Schagen (N.H.). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn Amsterdam. Yn 1988 joech er it ûnderwiis oer en wijde er him alhiel oan de skriuwerij.

De Haan wie yn de jierren 60 pleiter foar fernijing yn de Fryske literatuer. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikkelje en útdaagje. daïstyske en surrealistyske ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn proaza.

Sûnt 1999 wennet De Haan yn it doarp Hendaye, yn Frânsk Baskelân. Syn libbenspartner is de Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal (1943).

It bedriuwen fan Fryske literatuer op ôfstân fan it heitelân fynt De Haan gjin probleem. Krekt oarsom; it ynspirearret him.

De Haan hat him ek tige ynset foar de Fryske útjouwerij. Hy wie warber foar de Koperative Utjouwerij. Letter wie mei Trinus Riemersma oprjochter fan útjouwerij Venus.[1]

Josse de Haan skreau romans, koarte ferhalen, toanielstikken, poëzij en berneboeken. Fierders is er redakteur by ferskate Fryske tydskriften.

Yn 2007 waard him de Gysbert Japicxpriis takend foar 'Piksjitten op snyp'. De sjury wie fan betinken dat De Haan in wichtige bydrage levere hat ta de fernijing fan de Fryske literatuer. De Haan hie al twaris earder nominearre west.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Geeffike pears gers (1987)
  • Rapsody yn stien foar Jerusalem fersen (1989)
  • Katastrofe novelle(1992)
  • De lytse dea soms fersen (1996)
  • Piksjitten op Snyp (1999)
  • Nanette (2003)
  • Feuilles mortes - De Anna's (2004)
  • Kastanjes poffe Opstellen/essays oer ('oare') literatuer, analyses fan proazawurken en poëzy (2005)
  • Elja. De skepping van Gummykut - in film roman (2006)
  • Kidelstiennen heine en slaan (2007)
  • Frozen moonlight yn myn hannen (2013)
  • Frou mei mandoline op sofa roman (2014)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân