Frysktalige literatuer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske literatuer)
Fryske Literatuerprizen
Gysbert Japicxpriis
Dr. Obe Postmapriis
Fedde Schurerpriis
Junior Rely
Rely Jorritsmapriis
Rink van der Veldepriis
Simke Kloostermanpriis
Piter Jellespriis
Fedde Schurerpublykspriis

De Fryske literatuer is in samling fan Fryske literêre wurken.

De earste skreaune wurden binne oerlevere op runeynskripsjes út it tiidrek 500-800. De earste teksten skreaun yn it Frysk ferskynden yn de 13e iuw. Dy teksten binne oerlevere yn wetboeken en oarkonden. Healwei de 16e iuw wurde der gjin rjochtsteksten mear skreaun. Fan de iuwen dêrnei binne ferhalen, rym- en sprekwurden, gelegenheidsfersen en psalmen oerlevere. It hichtepunt fan de literatuer tusken 1550 en 1800 wie Gysbert Japiks (1603-1666). Yn de tiid fan de romantyk brûke ferskillende skriuwers it wurk fan Japiks noch as foarbyld. De tiid fan de romantyk wie yn de Fryske literatuer it momint dat Fryske literêre wurken wer op in heech nivo ferskynden. Yn de 19e en 20e iuw ferskynden literatuerprizen, literêre tydskriften en selsskippen. 1945 wie it jier dat de saneamde bining tusken skriuwers en de Fryske beweging 'ferbrutsen' waard.

Definysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De definysje fan Fryske literêre wurken wurdt ornaris sa brûkt as hjirûnder by de earste stip beskreaun is. Dizze side beheint him ta dizze literatuerskiednis. Om ta in slutende definysje te kommen fan alles wat as Frysk literêr wurk sjoen wurde kin, kin de definysje him net beheine ta it Westlauwersk-Frysk:

  • Mei de definysje Fryske literatuer binne yn it foarste plak literêre wurken ornearre, dy’t yn it Westlauwersk-Frysk skreaun binne. It Frysk sa’t de taal him út it Aldfrysk wei ûntjûn hat, en no hjoed de dei yn de provinsje Fryslân praat en skreaun wurdt. Dêrneist wurdt it Frysk yn de tiid fan de Sân Seelannen ek yn Grinslân en East-Fryslân brûkt as skriftlike taal yn rjochtsteksten, en hat dêrom in direkte bining mei de Fryske literatuerskiednis.
  • Alles wat yn it Noard-Frysk en Sealterfrysk skreaun is kin mooglik ek ta de Fryske literatuer rekkene wurde. Lykwols stean dy talen sûnt de midsiuwen op harsels en hawwe dêrtroch in eigen literêre skiednis. Dêrneist binne der literêre wurken dy’t net yn it Frysk, mar yn in oare taal of dialekt skreaun binne, mar wol bining hâlde mei de regio Fryslân (bygelyks yn it Nederlânsk, Dútsk of Eastfrysk-plat).

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske literatuer wurdt yndield yn de Aldfryske literatuer, de Midfryske literatuer en de Nijfryske literatuer. Yn eardere boeken en publikaasjes oer literatuerskiednis begûn it tiidrek fan it Aldfrysk om 1100 hinne, dêrnei folge de Midfryske literatuer om 1550 en it Nijfryske tiidrek om 1800. Yn nije boeken en publikaasjes begjint it Aldfryske tiidrek mei it ferskinen fan Fryske runen, oant 1400. It Midfryske tiidrek leit dan tusken 1400 en 1550. Wat nei 1550 komt is Nijfrysk, dat te ûnderskieden is yn ier-nijfrysk (1550-1800) en modern-nijfrysk (1800-no).[1]

Fryske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Fryske runeynskripsje út Westeremden, Grinslân

Fan it tiidrek 500-800 binne Fryske runen oerlevere, wêrfan komme de measten út it Fryske Ryk. Inkeldris wurde Fryske runen bûten Fryslân fûn lykas de munt skanomodu (‘skjinne moed’) dy't yn Grut-Brittanje fûn is. It lokbientsje fan Winaam mei it ynskrift ‘Inguz’ is mooglik it âldste, dat wurdt op likernôch 200 nei Kristus rûsd. Oare runeynskipsjes binne it swurdsje fan Arum fan om likernôch 650 hinne dêr’t neffens guon ‘foar Eda boadskipper’ op stiet, en it houtsje fan Westeremden dêr’t op stiet ‘Branning, bûch foar dit stêfke’. Oan 'e ein fan de 8e iuw is bekend dat der in Fryske bard mei de namme Bernlef bestien hat, mar der is gjin wurk fan him oerlevere. Nei de oermastering fan de Friezen troch de Franken wurdt om 800 hinne de Lex Frisionum skreaun, wêrfan in stikmannich Fryske wurden bekend binne.

Aldfryske literatuer (1100 - 1550)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brookmerbrief, in 13e-iuwsk rjochtboek

Fan it Aldfrysk binne der suver allinnich wetboeken (meastepart skreaun oant 1400) en oarkonden (meastepart skreaun nei 1400) oerlevere. De Aldfryske literatuer is yn te dielen yn twa skiften, klassyk en nei-klassyk, dêr't de grins fan yn 'e earste helte fan de 15e iuw leit. It âldste skreaune Aldfrysk is antedearre fan de 12e iuw, in fragmintaryske psalmoersetting. Mei-inoar binne der sechtjin Fryske kodeksen (hânskriften) en ien boek (Freeska Landriucht) dat it earste printe boek yn it Frysk wie. Moralisearjende poëtyske teksten binne ek yn de wetboeken ferarbeide, mar hinget wol gear mei it rjocht, foarbylden binne de teksten fan it Freske Riim, de Gesta Fresonum en de Magnuskêsten. De earste Fryske oarkonde is fan 1242. De measte Fryske oarkonden binne skreaun yn it tiidrek 1480-1500. Mei-inoar binne der rûchwei 1300 oarkonden yn it Aldfrysk, de lêste soe fan 1573 wêze. De lêste tekst oerlevere yn it Aldfrysk is in brief fan 1578.

Renêssânse en Barok (1550 – 1700)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gysbert Japiks

Om 1590 hinne begjint de renêssânse yn Fryslân. In ier teken fan dy renêssânse wie rym-sprekwurden fan Reyner Bogerman (likernôch 1475 - 1566). Yn 1614 wurdt in boek Sprekwurden fan de âlde frije Friezen útjûn, skreaun fan Carel Georg van Burmania. Oare nammen binne Johan van Hichtum (likernôch 1560 - 1628), Jan Jansz. Starter (1593 - 1626) en Peter Sybrandts Baerdt (likernôch 1590 - 1644). In belangryk skriuwer dy’t sawol de Fryske Renêssânse as Barok fertsjinwurdiget is Gysbert Japiks (1603 - 1666). Yn 1640 ferskynde syn earste boek Friesche Tjerne, in brulloftdicht, dat al it oar fuort yn 't skaad sette soe. Yn 1668, twa jier nei syn dea, ferskynde postúm de Friesche Rymlerye. Allinne troch him sprekke de ynternasjonale lûden fan de Renêssânse en de Barok op in heech peil yn it Frysk.

Rasjonalisme en Klassisisme (1700 – 1800)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1686 ferskine twa Frysktalige boeken fan opmerklike skriuwers, in frou en in dûmny. Yn de De Bron-Swaan fan Titia Brongersma (likernôch 1660 - 1700) steane Frânske, Nederlânske en fjouwer Fryske teksten. Ds. Vitus Ringers (1660 - 1725) lit datselde jier syn Stichtelijk Sang-Priëel útjaan, dêr't er mei besocht it Fryske ta tsjerklike taal te meitsjen mei trije Fryske psalmen. It neamen wurdich is de twadde Friesche Rymlerye fan Jan Althuysen (1715 - 1763) fan 1755. Oare skriuwers binne Johannes Hilarides (1648 - 1725), de earste poëzij-oersetter út de 18e iuw Durk Lenige (1722 - 1798) brûkte it Frysk ek as earste foar it sonnet, Eelke Meinerts (1732 - 1810), Feike Hiddes van der Ploeg (1736 - 1790). It krewearjen op it wittenskiplik en literêr mêd fan Everwinus Wassenbergh (1742 - 1826) makke it fannijs opbloeien fan de Fryske literatuer mooglik. Dêrby ynspirearre hy syn studinten oan de universiteit fan Frjentsjer. Oare nammen fan skriuwers fan de 18e iuw binne Cynthia Lenige en Simen Althuysen.

Romantyk (1800 - 1870)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winterjûnenocht

Yn de tiid fan de Romantyk griepen Fryske skriuwers faak werom nei teksten fan Gysbert Japiks en it wittenskiplik wurk fan professor Everwinus Wassenbergh. In skaaimerk fan de Romantyk yn Fryslân is dat it de Dútske ûntjouwings folge, it langstme nei âlde folkslieten en folksferhalen binne der in wichtich elemint fan. Yn 'e tiid fan de Romantyk wie it Fryske skriuwers net frjemd om har ferhalen te skriuwen yn 'e Aldfryske stavering, lykas Montanus Hettema (1796-1873). Yn de Romantyk kamen der mear oersettings foar 't ljocht, bygelyks dy fan Rinse Posthumus (1790-1859), Jan Dirks Ankringa (1793-1860) en Wopke Jabikssoan de Jong (1799-1852). Meidat der net folle oerlevere waard fan de Midfryske literatuer wie it Frysk noch net in echte literêre taal. De taalpioniers fan de Fryske Romantyk binne Albartus Telting (1803-1863), Eeltsje (1797-1858) en Joast Halbertsma (1789-1869), Jan Cornelis Pieter Salverda (1783-1836), Rein Baukes Windsma (1801-1862) en Jacob Roorda (1802-1834). In griemmank fan nasjonalistyske eleminten opponearre him yn boeken en skriuwsels fan Gerben Piters Colmjon (1828-1884) en Johan Winkler (1840-1916), Harmen Sytstra (1817-1862), Tiede Roelofs Dykstra (1820-1862). Nei it ferstjerren fan Sytstra en Dykstra yn 1862 kaam de Romantyk yn Fryslân oan ‘e ein.

Realisme en Naturalisme (1870 – 1918)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tiid fan it iere Fryske realisme opponearre him benammen yn it wurk fan Waling Dykstra (1821-1914). Waling Dykstra kin mei boeken as Doaitse mei de Noardske balke fan 1848 en syn wurk op it wurdboekmêd taalbouwer neamd wurde. Syn boek De sulveren rinkelbel fan 1856 is yn 2002 op ‘e nij útjûn yn de rige fan Fryske klassiken. Piter Jelles Troelstra (1860-1930) wie master yn 'e rjochten en sosjalistysk politikus, mar hat lyksa wichtich west foar de Fryske literatuer, syn earste eigen stik Oan 'e sédyk ferskynt yn 1881. Literêre meiwurkers binne Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) (1860-1939), Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912) en Cornelis Wielsma (1845-1922). Oare skriuwers fan belang binne Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), Lucius Columba Marray Bakker (1822-1911), Gerben Postma (1847-1925), Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910), Oebele Stellingwerf (1848-1897), Geertruida Christina Jentink (1852-1918), Japik Hepkema (1845-1919), Sikke Sibes Koldyk (1861-1927), Sybren Valkema (1850-1921). It Naturalisme krige syn gerak yn it wurk fan skoalmaster Sake Kornelis Feitsma (1850-1918). Om 1900 hinne hied er publikaasjes yn ferskate tydskriften dy’t yn 1999 bondele waarden yn de rige Fryske klassiken, mei as titel Ut ‘e ûnderste lagen.

Ynterbellum (1918 – 1940)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Douwe Kalma

Ympresjonisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jongfryske Mienskip wie tige beret en bring de Fryske literatuer nei in heech nivo. Douwe Kalma (1896 – 1953) wie de lieder fan de organisaasje dy’t om 1920 hinne likernôch 700 jonge leden hie. Syn Samle fersen ferskynden yn 1996, mar syn wize fan tapassen fan it taaleigen waard troch guon kritisy gauris as keunstmjittich oantsjut. Kalma hat al it wurk fan William Shakespeare nei it Frysk oerset. Net eltsenien koe it rjocht lykfine mei Kalma, hy hie gauris strideraasje mei de sjoernalist en skriuwer Jan Jelles Hof (1872 – 1958) fan it Ald Selskip. De drystmoedige Jongfryske Mienskip foar it konservative Ald Selskip oer.

De boereroman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ynterbellum ferskynde de roman foar it earst yn 1921, doe’t de De Hoara’s fan Hastings fan Simke Kloosterman (1876 – 1938) printe waard. In oar tige bekend boek fan har is It jubeljier, dat yn 1994 op ‘e nij útjûn waard yn de earste rige fan Fryske klassiken. Oare romanskriuwers fan dy tiid dêr’t boeken fan op ‘e nij útjûn binne, wienen Reinder Brolsma (1882-1953) mei De Heechhôf trilogy en Grûn en minsken, Ulbe van Houten (1904 – 1974) mei De sûnde fan Haitze Holwerda en syn ferhalebondel De rook op it lân, Nyckle Haisma (1907 – 1943) mei Peke Donia, de Koloniaal, Douwe Kiestra (1899 – 1970) mei De froulju fan de fetweider, Abe Brouwer (1901 – 1985) syn boek De Gouden Swipe is yn 1998 troch Steven de Jong ferfilme.

Twadde Wrâldkriich (1940-1945)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn gjin tiid hat de fraach nei Fryske boeken sa grut west as yn de besettingsjierren.[2] Fan 1942 ôf wie foar hast elke publikaasje tastimming nedich fan de besetter en de skriuwer moast lid wêze fan de Kultuerkeamer. Guon Fryske skriuwers dienen dat. Skriuwers dy't yn de kriich publisearren wienen Ype Poortinga (1910 – 1985) mei syn fersebondel sinneblink fan 1941 en it Foech soldate-oproer fan 1941, Douwe Annes Tamminga (1909 – 2002) mei syn dichtbondel Balladen en Lieten fan 1942. Oare nammen binne Rintsje Piter Sybesma (1894 – 1975).

Yn septimber 1943 koe de Fryske Bibel ferskine. Printer Jongbloed te Ljouwert hie it papier al foar de oarloch ynslein. De hiele oplage fan 5.000 eksimplaren wie yn ien dei útferkocht.[3] De Fryske tydskriften waarden yn 1942 ferbean; it Algemien Frysk Jongereinblêd krige earst yn 1944 in publikaasjeferbod. De auteurs dy't krekt foar de oarloch nei foaren kommen wiene yn it 'Boun fen Frysk-nasjonale Jongerein' waarden dêrtroch yn har driuw om harsels te uterjen opkeard. Fedde Schurer samle wurk fan jongere dichters foar it yllegale literêre tydskrift De Rattelwacht, mar dat koe net earder as yn de simmer fan 1945 ferspraat wurde.

De bining ferbrutsen (1945 – 1970)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean

Sa’t Fedde Schurer (1898 – 1968) yn it literêr tydskrift De Tsjerne al skreau, wie nei de Twadde Wrâldkriich wie de ferbining tusken de Fryske bewegers en Fryske skriuwers al fierhinne weiwurden. In man dy’t dat al earder die wie de dichter Obe Postma (1868-1963). Lykwols wie Schurer dochs taalstrider wurden fanwegen kneppelfreed dêr’t er in wichtige rol yn hie. Kritikus Anne Wadman easke yn De Tsjerne literatuer fan ‘Europeesk nivo’. Sa ûntstie ek in skieding tusken ‘literatuer’ en ‘lektuer’.

De eksperimentelen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de fyftiger jierren kaam by de poëzij it eksperimintalisme op. In groep studinten út Amsterdam rjochte yn 1954 it tydskrift Quatrebras op, dat him ôfsette tsjin De Tsjerne. De poëzij makke yn dit tiidrek in grutte feroaring troch, fan klassyk oandwaand foarmfêst wurk fan Douwe Tamminga yn de jierren koart nei de oarloch, fia de eksperimintele poëzij út de jierren fyftich fan Jan Wybenga en Hessel Miedema nei it maklik tagonklike wurk fan de saneamde demokratyske poëzij, lykas makke troch Jan J. Bijlsma, Meindert Bylsma en Reinder van der Leest.

De ynformative poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ynformative poëzij woe de skriuwer ynformaasje jaan. Yn dy tiid waard der oan tillefoanpoëzij ('Operaesje Fers' 1968-1994) en dichtfestivals dien. In oar foarbyld fan ynformative poëzij wie it 'Broadtsje Healom', dat yn 1968 op dichtersfestivals en boekejûnen ferkocht waard mei in broadsje deryn ferpakt (yn fetfrij papier). Sawol it lichem as de geast krige dus wat te konsumearjen.[4]

Fryske literêre tydskriften
De Golle Iduna
De Moanne Kistwurk
De Tsjerne Lyts Frisia
Doar Noost
Farsk RAER
Frisica nova Sonde
go-gol Trotwaer
Hjir Quatrebras

Fernijende literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it proaza binne yn dit tiidrek in oantal wichtige feroaringen. De koarte ferhalen wurde fernimstiger opboud mei in goede plot en in protte aksje en by deromans sjocht men mear psychologyske ferdjipping, in oarsoartige tematyk as yn de boereroman, in minder tradisjonele opbou en mear ôfstân fan it faak idyllysk werjûne Fryslân fan foar de Twadde Wrâldkriich. As earste grutte moderne roman kin neamd wurde Anne Wadman syn debút Fioele en faem út 1948. Begjin jierren sechstich joegen twa romans in protte opskuor: De smearlappen fan Anne Wadman yn 1963 en Fabryk fan Trinus Riemersma yn 1964. Reden wie dat dêryn op in ûntheisterjende manier en betreklik iepentlik oer seks skeaun waard.

Yn 1962 wie it debút fan Rink van der Velde (1932 – 2001) Joun healwei tolven is de earste roman dy’t him yn it bûtenlân ôfspilet. It leit yn ‘e reden dat der histoaryske romans skreaun waarden ferwiizjend nei de Twadde Wrâldkriich. Yn 1966 ferskynt it boek De fûke fan Van der Velde dat yn 2000 ferfilme waard troch Steven de Jong.

Om 1970 hinne ûntstiene nije organisearre ferbannen yn it literêre fjild: de literêre tydskriften Trotwaer (1969) en as reaksje dêrop Hjir (1972). it Skriuwersboun (1969) en de Koperative Utjouwerij (1970).

Ferbreding en konsolidaasje (1970 - 1995)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dit tiidrek fynt in ferbreding plak fan it proaza. Der komt mear ferskaat: Proaza dêr’t yn eksperimintearre wurdt mei de foarm, wurk mei maatskiplik engagement, de mear tradisjonele psychologyske roman, populêre literatuer, misdiedromans, reisferhalen, histoaryske romans en biografysk wurk. Aparte fermelding fertsjinnet de rige folksferhalen sammele troch Ype Poortinga en de opkomst fan de jeugdliteratuer nei 1980. Yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Margryt Poortstra en Baukje Miedema komme feministyske stânpunten nei foaren.

By de poëzij is it dreech om it grutte ferskaat oan dichters nei har wurk yn groepen ûnder te bringen. De beide tydskriften biede elk poadium oan in eigen fêste rûnte fan dichters; oaren publisearje yn beide tydskriften.

Yn it tiidrek nei de Twadde Wrâldkriich hawwe de neikommende skriuwers fan belang west, Piter Terpstra, Durk van der Ploeg, Sjoerd van der Schaaf, Klaas Bruinsma, Rink van der Velde, Tiny Mulder en Ypk fan der Fear.

Hjoeddeisk (1995 – no)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjead Bruinja

By de poëzij nimt it belang fan optredens ta, holpen troch fersprieding fia ynternet. Tsjêbbe Hettinga makket yn 1993 grutte yndruk yn Frankfurt en brekt troch nei lanlik nivo, letter Europeesk en mondiaal. Yn syn sok folget in hiele rist oare dichters. Om it jier 2000 hinne publisearje hieltyd mear skriuwers lytse stikjes op ‘t ynternet. Der ferskine digitale literêre tydskriften en skriuwers hâlde harren lêzers troch in webloch op ‘e hichte.

Opmerklik is dat skriuwers en dichters ek bûten Fryslân harren wurk presintearje. By de poëzij is har sukses grut, fan de proazaskriuwers slagget it op struktureel nivo allinne de jeugdboekskriuwers Hanneke de Jong en Lida Dykstra, en fierder Hylke Speerstra.

Hylke Speerstra (1936 - hjoed) debutearre al 1968 mei Heil en Seil, yn 2000 publisearre er It wrede paradys en yn 2006 De Oerpolder. Meiïnoar binne der fan Hylke Speerstra al mear as 100.000 Frysktalige boeken ferkocht. Speerstra nimt foar syn wurk in tema, docht ûndersyk nei dat tema, en skriuwt dêroer in doku-roman. De earste trije romans fan Marga Claus kinne ek as doku-roman sjoen wurde. Rink van der Velde bliuwt oant syn dea tige warber as skriuwer, fan syn wurken wurde mear as 200.000 ferkocht.

De Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF) stelt him om 2000 hinne ta doel om klassike literêre wurken yn it Frysk foar in grut publyk beskikber te meitsjen. Dat wurdt neistribbe troch publikaasje yn boekfoarm en op ynternet. ELF publisearret likegoed oarspronklik Frysktalich wurk as oersettingen út oare talen. Foarsitter fan de stifting is Eric Hoekstra. Oars skriuwers dy’t sawol eigen wurk skriuwe as oersette binne Klaas Bruinsma, Pieter Brouwer en Henk Wolf.

Fan de jongere generaasje dichters kinne Albertina Soepboer en Arjan Hut neamd wurde. By dy generaasje heart ek Tsead Bruinja, dy’t sawol yn as bûten Fryslân wurdearring krijt foar syn wurk.

Sûnt 2006 is Fryske Modernen opset as in literêr projekt om it skriuwen fan modern Frysk proaza troch nije literêre skriuwers te stimulearjen om sa it oanbod fan Frysktalich proaza te fergrutsjen. Yn de rige fan Fryske Modernen binne wurken ferskynd fan Nyk de Vries, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Janneke Spoelstra en Eelkje Tuma.

Fan de njoggentiger jierren en it earste desennium fan de 21e iuw binne Durk vd Ploeg en Jetske Bilker it neamen wurdich.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Tusken talen, Afûk 2008
  2. 1915 - 1945 Jongfryske tiid oant en mei Twadde Wrâldoarloch op digiskoalle (sjoen op 19-06-2010)
  3. Fryske Bibel op de webside fan Tresoar (sjoen op 19-06-2010)
  4. Tekst & útlis, Rjochtingen en streamingen yn de literatuer II, Afûk