Quatrebras (tydskrift)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Quatrebras wie in Frysk literêr tydskrift fan jongerein dat bestie fan 1954 - 1966.

It foarme de fuortsetting fan De Golle. Quatrebras waard yn 1968 opheft nei mislearre fúzjeûndersiken mei Asyl en De Tsjerne. Der stie benammen poëzij yn, foar in part eksperiminteel, mei proaza en koarte ferhalen fan Hessel Miedema. De redaksje bestie yn it earstoan út Marten Brouwer, Lambert H. Mulder en Sybe Sybesma. Oare redakteuren wiene Theo Jansma, Steven H.P. de Jong, Wybren Veeman en Josum Walsma.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: