De Golle
De Golle wie in blêd oer Fryske literatuer.
It waard oprjochte troch in tal yn Amsterdam studearjende Fryske jongeren, feriene yn de jongereinwurkgroep 'De Mieren'. Dy seagen tydskrift De Tsjerne as in ferkalke blêd fan de fêstige oarder, fan “minsken dy’t arrivé wiene”. It nivo wie harren te leech en út ûnfrede oer de mentaliteit fan De Tsjerne-redaksje rjochten se yn 1953 it blêd De Golle op ûnder redaksje fan H.J. Brouwer, dat nei trije nûmers fierder gie ûnder de namme Quatrebras (fjouwersprong).
De redaksje fan Quatrebras makke har sterk foar foarmfernijing fan de Fryske literatuer en liet har ynspirearje troch ûnder oare de Kobra-beweging en de Fyftigers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Golle, De. |