Steven H.P. de Jong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Steven H.P. de Jong
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Steven Hotse Pieter de Jong
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 12 febrewaris 1935
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 31 augustus 2018
stjerplak Burgum (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurk
taal Frysk, Stedsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
poëzij
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
De Wuttelhaven Del
prizen Gysbert Japicxpriis 1992
jierren aktyf 19652011
1rightarrow.png Dizze side giet oer de skriuwer en dichter. Foar de filmregisseur, sjoch: Steven de Jong.

Steven H.P. de Jong (folút: Steven Hotse Pieter de Jong; Ljouwert, 12 febrewaris 1935Burgum, 31 augustus 2018)[1] wie in Frysk skriuwer en dichter, dy’t in grut oeuvre op syn namme hie, mar foaral bekend wurden is troch de roman De Wuttelhaven Del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert Japicxpriis mei wûn. Behalven yn it Frysk skreau er ek yn it Stedsk, en dêropta sette er Nederlânsktalich wurk oer nei it Frysk. De Jong wenne in skoft yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steven Hotse Pieter de Jong waard yn 1935 berne yn Ljouwert. Nei syn ûnderwizersoplieding oan de kristlike kweekskoalle Mariënburch yn Ljouwert stie er in jiermannich yn Surhuzum oan 'e legere skoalle. De Jong makke him it Frysk eigen op de kweekskoalle, want thús waard nammens Nederlânsk en Ljouwertersk praat. Hy fûn it Frysk in moaie taal en woe him dat oanleare; dêr folge er sels noch lessen foar fan Eeltsje Boates Folkertsma.

Yn 1964 begûn De Jong mei syn stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde yn Grins. Dêrnei wie er skoft lang ferbûn mei Kristlike Skoallemienskip Lienward Kolleezje yn Ljouwert. As dichter debutearre De Jong yn it eksperimintele tydskrift Quatrebras, dêr't er letter redakteur fan wurde soe.

Ein sechstiger jierren, doe't de jongere skriuwers rebûlje makken mei harren âldere kollega's, wie er warber foar ûnderskate Frysktalige tydskriften. Earst as lid fan de redaksje dy't yn 1968 it lêste nûmer fan De Tsjerne makke, en dêrnei as redakteur fan it nije tydskrift Trotwaer. Dêr siet er fan 1968 oant 1970 yn de redaksje. Syn bydrage oan de Fryske literatuer bestie earst fral út poëzij, dêrneist skreau er ek in stikmannich kritiken foar Quatrebras.

Tusken 1965 en 1988 ferskynden der fiif fersebondels fan syn hân. Yn 1980 brocht er De Maagd fan Babylon út, dêr't neist fersen ek ferhalen yn stiene. De Jong publisearre syn earste roman yn 1989, De Wuttelhaven Del. Foar dy roman waard him yn 1992 de Gysbert Japicxpriis takend. De roman Groetenis fan Prakash ferskynde as Frysk Boekewikegeskink fan 2005. In jier letter ferskynde it boekje Neam my mar Willem dat in bewurking wie fan 'e wrâldferneamde fabel Van den Vos Reynaerde. It ferhaal wurdt ferteld troch in mearkeferteller oan de bewenners fan it Fryske doarp Gatzerka (Geatsjerk, tsjintwurdich Gytsjerk), dy't dêr typysk Frysk op reagearje. Yn 2011 waard de mânske bondel En de inket sil útrinne publisearre dêr't neist earder publisearre wurk út De Jong syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen wie dy't net earder ferskynd wie.

De Jong kaam yn 2018 thús yn Burgum te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 83 jier.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans
  • 1989 – De Wuttelhaven del
  • 1999 – In spylman op it binnenpaad
  • 2001 – Swarte egen: in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne
  • 2005 – Groetenis fan Prakash: in reis troch Brazylje yn it jier 1992
  • 2006 – Neam my mar Willem
Ferhalebondel
  • 1980 – De maagd fan Babylon (mei fersen)
Dichtwurk
  • 1965 – Wankend stomp
  • 1971 – Missing link
  • 1975 – Popkes tekenje (omslach en oare yllustraasjes fan Hans van der Horst)
  • 1983 – 20 lytse românsen
  • 1988 – Salto mortale
  • 1995 – Gedichten om’e Aldehou
  • 2011 – En de inket sil útrinne - 50 jier poëzij
Oersetting
  • 1998 – Jan Pitersoan Koen: toanielstik yn alve tafrielen (út it Hollânsk nei J.J. Slauerhoff)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Sietse de, Steven de Jong stoarn nei 50 jier literatuer, yn: de Ljouwerter Krante, 4 septimber 2018, s. 28.

  • Skriuwersynformaasje by Sirkwy
  • Klaes Dykstra - Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.131 (1977)
  • Frits van der Kuip - Tekst en útlis (1985)
  • Spesjale útjefte fan de KU, oer Steven de Jong, de Gysbert Japicx priis (1992)
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Jong, Sibe Sipke Dszn de.