Springe nei ynhâld

Mariënburch

Ut Wikipedy
Mariënburch

Mariënburch is in bûtenferbliuw fan Maria Louise fan Hessen-Kassel oan de súdeastkant fan Ljouwert. It waard tusken 1721 en 1731 hinne boud Achter de hovingen ( Achter de Hoven ) en besloech sa'n 5 hektare en neamde it nei harsels Mariënburch.

Foar it ûnderhâld fn dit grutte terrein nûge se Johann Hermann Knoop út, de soan fan de hovenier fan har heit yn Kassel. Foar it bûten lei in leane mei trije rigen beammen; efter it hûs lei in rûne fiver mei treppens oan fjouwer kanten. Fierderop lei in promenade dy't nei in teekoepel oan de Potmarge rûn. Oan de sydkant fan it hûs wie noch in fiver mei foarmbeammen. De perken mei beammen wienen symmetrysk en der wienen hagen, poarten en ek twa huzen by de yngong. It bûtenhûs bestie út twa lagen mei in grutte kape en fleugels. Op 19e iuwske tekeningen en foto’s blykt dat de bygebouwen los stiene en dat oan de súdeastkant in grutte útboude erker tsjin it dakskyld oanboud wie mei in kajút en balkon.

It bûten waard yn 1765 neilitten oan de herfoarme diakonij dy't grutte stikken ferkocht. It meastepart fan de tún kaam yn hannen fan túnker Bokke Doitses fan Huzum dy't it wer trochferkocht oan oare gerniers. Der waard doe griente en fruit foar de handel kweekt yn de stikken by de Potmarge.

Yn 1832 kaam it lângoed yn hannen fan Pieter Cats, ien fan de rykste ynwenners fan Ljouwert, dy't as lid fan de Gemeenteried fan Ljouwert noch folle mear grûn yn eigendom hie.

Yn 1838 waard Mariënburch troch jhr. Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844) kocht. Vegelin wie lid fan de froedskip fan Fryslân, âld-grytman fan Haskerlân en âld-lid fan de Steaten fan Fryslân. Troch him kaam it bûten oan syn soan Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen- ek lid fan de Ridderskip-, grytman en lid fan de Twadde Keamer. Nei him binne de Vegelinstrjitte en de Vegelinbuert neamd. Dizze Pieter Benjamin wie ien fan de rykste ynwenners fan Fryslân en wenne faak yn Heremastate op De Jouwer.

Yn 1872 liet er op it súdlike stik fan it terrein it gasthûs foar earmelju Fribourg sette. Dit hofke is neamd nei it Switserske plak Freiburg dêr't it laach Vegelin van Claerbergen wei komme soe. It krige dêrom ek de foarm fan in chalet. Oer de folle breedte fan de foarkant siet in útstekkende grutte kape mei flauwe hellingen. Nei syn dea yn 1879 kaam it kompleks oan ien fan syn fjirtjin bern: jonkfrou Louisa Albertina Vegilin van Claerbergen (* 1841) dy't yn 1863 boaske mei Sible Giliam Wiersma. Hja liet it bûten ôfbrekke en ferfange troch in staetlike filla dy't yn 1905 ferkocht waard.

Yn 1923 kaam hjiryn de kweekskoalle (letter Pedagogyske Akademy Mariënburch). Omdat dy te lyts waard kaam der yn 1952 in nije skoalgebou, dat yn 1991 wer romte makke foar de Skoallemienskip Comenius. Ien fan de trij gevelstiennen fan it monumintale 'chalet' Fribourg waard yn de muorre fan dit skoallekompleks mitsele.

  • Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland - R. Elward en P. Karstkarel, 1992
  • Versmade Volkswijk - Meindert Schroor

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: