Johann Hermann Knoop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Johann Hermann Knoop (Kassel, om 1700 - Amsterdam/Ljouwert?, 4 augustus? 1769) wie in hovenier en wurdt wol beskôge as de grûnlizzer fan de pomology.

Ferskate parresoarten út Knoop syn Pomologia
Kjersesoarten út Knoop syn Fructologia

Knoop wie de soan fan de hôvenier fan Marije Louise fan Hessen-Kassel har heit. Sy helle him út Kassel nei Ljouwert en makke him hovenier op Mariënburg, Achter de Hoven yn Ljouwert. (1730 - 1748 ). Hy lei ek de tún fan Stania State yn Oentsjerk nij oan (1745). Hy kweekte yn Fryslân de jirpel (1742). Troch drankmisbrûk ûntslein libbe hy fan it lesjaan (wiskunde) en fan it skriuwen fan boeken op it mêd fan túnbou ("Pomologia", "Fructologia" en "Dendrologia").

Teffens publisearre er op it mêd fan wiskunde, astronomy, skiednis fan Fryslân en histoaryske geografy. Hy berekkene sinne- en moannefertsjusteringen en makke sinnewizers, ûnder oare yn Bakkefean (1750). Fierders makke Knoop yn ± 1760 in moaie kaart fan Ljouwert. Dy wurdt bewarre yn it Gemeentlik Argyf fan Ljouwert.

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn 1956 waard yn Ljouwert in strjitte nei him ferneamd, de Johann Hermann Knoopstraat.[1]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De beknopte huis- houdelijke Hovenier, of verhandeling en lijsten der ooft-vruchten, van de plantagie-gewassen, van de keuken-gewassen, veldt-vrugten enz. Ljouwert 1752
  • Beschouwende en werkdadige hovenier-konst of inleiding tot de waare oeffening der planten: Waarin aangewezen word al't gene een hovenier en aan andere tuin-oeffenaars dienstig en nodig zyn kan te weeten, om niet alleen met gewenscht voordeel, maar ook met vermaak allerley boom-, heester-, kruid. Abraham Ferwerda, Ljouwert 1753
  • Jongmans-onderwijzer leerende .... de arithmetica, het boekhouden, de architecture, de astronomie etc. Leeuwarden 1756-59
  • Sleutel der latynsche konstvoorden, welke in de botanye, pharmacye en medicyne 't meest gebruikt worden. A. Van Linge, Leeuwarden 1758
  • Onderwijs om couranten te lezen. Ljouwert 1758
  • Pylaar der algemene mathesis of wis-kunde, of de arithmetica. J.S. Luyter, Ljouwert 1758
  • Pomologia, dat is Beschrijvingen en Afbeeldingen van de beste Zoorten van Appels en Peeren, welke In Neder- en Hoog-Duitschland, in Frankryk, Engeland, Engelland en elders geagt zijn en tot dien einde gecultiveert worden. Beschreven, naar het leven geteikend en met de natuurlijke coleuren afgezet. Abraham Ferwerda, Ljouwert 1758
  • Kaart fan Ljouwert, om 1760
  • Bloemtuin, met eene aanleyding tot de cultuur der gewassen, alsmede een maandelijkse aanwijsing der tuinbesigheden. Ljouwert 1760
  • Konstmatige verhandeling van de sphaerische of klootse sonnewijzers. Ljouwert 1761
  • Medicinale Planten. Haarlim 1762
  • Fructologia, of beschryving der vrugtbomen en vrugten die men in de hoven plant en onderhoud. Abraham Ferwerda, Ljouwert 1763
  • Dendrologia: beschryving der plantagie-gewassen, die man in den tuinen cultiveert. Ljouwert, 1763
    • weitere niederländische Ausgaben: Leeuwarden 1770, Amsterdam 1790
  • Tegenwoordige staat of historische beschryvinge van Friesland. Van Linge, Ljouwert 1763
  • Nieuwe historische Beschrijving van den geheelen Aardkloot. om 1765, postúm útbrocht Amsterdam 1785
  • Vermakelyk wapen-kundig, geographisch en historisch spel, betreffende de voornaamste heerschende staten in Europa en dienende om de jonge lieden, inzonderheid die van een meer als gemeene geboorte of educatie zyn, de wapen-kunde, geographie en historie gelyk als speelender wyze te leeren. D. Klippink, Amsterdam 1768
  • Pylaar der algemene mathesis of wis-kunde, of de arithmetica. J. S. Luyter, 1768
  • Beschryving van de moes- en keuken-tuin, zo van alle vrugten, planten en kruiden die men in dezelve plant: Waar by derzelver differente benamingen, grociplaats, zoorten, voorteeling, cultuur, broeijing, vervroeging en huishoudelyk gebruik, als mede hoe men dezelve inleggen kan, als ook derzelver kragten in de medicynen, en voor wie gemelde vrugten gezond of ongezond zyn. Waar agter nog gevoegt zyn verscheide registers ... Door een veeljarige ondervinding opgestelt. Abraham Ferwerda en G. Tresling, 1769
  • Beschrijving van vruchtboomen en vruchten, die men in hoven plant en onderhoudt, met derzelver verschhillende naamen, voortteeling, groeiplaatzen, aankweeking, huishoudelijk gebruik, wijze van uitleggen, en toebereiding: na eene veeljaarige ondervinding opgesteld. Allart, Holtrop, de Leeuw en Krap, 1790

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Martini, Silvio (1949), J.H. Knoop, stichter der pomologie. Yn: De fruitteelt : weekblad van de Nederlandsche Pomologische Vereeniging (1949): s. 740-741.
  • Karstkarel, P. (1985), Johann Hermann Knoop (ca. 1700-ca. 1768). Horticulturae practicus et scientiarum amator te Leeuwarden. Yn: Leids kunsthistorisch jaarboek IV (1985): s. 465-480.
  • Stafleu , Frans A. & Richard S. Cowan (1979), Taxonomic literature : a selective guide to botanical publications and collections with dates, commentaries and types (Utert; De Haach, 1979), Fol. III, s. 580-581.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. S. Martini: Geschichte der Pomologie in Europa, Stutz & Co., Wädenswil 1988, s. 59
  2. Trab. Mus. Comercial Venezuela (Bol. Minist. Relac. Exter. Nos. 8 & 9) 4 1927 (IK)
  3. Begonian 49(5–6): 63 1982 (IK)
  4. Phoradendron 152 descr. 1916 (IK)