Staniastate (Oentsjerk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Staniastate ±1880

Staniastate is in state yn Oentsjerk, neamd nei Jeppe fan Stania, leat fan it út Reitsum kommende skaai Stania.

Jeppe fan Stania liet de state bouwe oan it begjin fan de 16e ieu. Doe't der yn 1650 gjin Stania-neikommelings wienen, gie de state oer op de Waltas en doe de Aylvas. Per slot ferkoft Ernst Douwe van Aylva Staniastate yn 1688.

Yn 1734 kaam de state yn besit fan Hans Hindrik fan Haersma, grytman fan East-Dongeradiel, dy't it om 1740 nij bouwe liet en de nije tún ûntwerpe liet troch Johann Hermann Knoop. Nei de dea fan Fan Haersma ferkochten syn erven Staniastate oan Jan de With, gesachfierder fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy, dy't it Hofwegen neamde, nei syn skip. Syn soan Michael ferkocht Staniastate oan Jabik Nanning baron fan Toers.

Yn 1813 waard de state troch brân slim skansearre. Yn 1843 waard Theo M.T. Looxma eigner en boude in nij Staniastate mei túnoanlis fan Lucas Pieters Roodbaard. Staniastate kaam yn 1877 oan syn skoansoan W.J. fan Welderen baron Rengers. De baron Rengers wenne yn Ljouwert, mar hie de state as simmer-residinsje.

Nei it ferstjerren fan de baron yn 1932 kocht it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert Staniastate en stelde it beskikber as úthôf foar it Frysk Museum (1934 - 1954). Yn 1953 kocht jonkhear Van Loon de state, dy't oan in stifting kaam en dêrnei as konferinsjeoard brûkt waard. Der wie doe in permaninte lânboutentoanstelling en in jongereinherberch yn in bygebou.

Sûnt 1977 is Staniastate besit fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Begjin njoggentiger jierren gie it eigendom oer op Stania Behear, dy't der in ûnder oaren in restaurant yn hawwe.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • oant 1441 Taecke Stanye
  • Sipcke Beyntema / Stania
  • 1448, 1467 Abbe Stanye
  • Syds te Reytseim
  • Abbe Stanye
  • 1511, 1520 Jeppe Stanye
  • 1548 erfgenamt fan Jeppe Stania
  • 1640 jonkhear Weleveld
  • 1698, 1700 jonker Sjuck Gerrolt fan Burmania
  • 1728 jonker Julius Ritske fan Sixma

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee fan Staniastate.
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Hisgis