Springe nei ynhâld

Jolderenbosk

Ut Wikipedy

De Jolderenbosk is in diel fan de gemeentebosken yn Gaasterlân en wurdt beskôge as it âldste diel dêrfan. De bosk leit besúdwesten fan Aldemardum en is sa'n 20 ha. grut. It heechste punt is mear as 12 meter boppe N.A.P. en jout in moai útsjoch oer de Súdfennens polder op de Iselmar.

De oerbosken by Riis fan eartiids hawwe yn de 17e iuw romte makke foar kultuerbosken dy't oanlein waarden troch de Amsterdamske regint Hiob de Wildt (1637-1709) om syn status oan te jaan. Hy die dat middels in symmetryske styl yn in symmetryske opset fan leanen en fearten. Doe't de famylje Van Swinderen him nei wenjen sette krige de bosk in ekonomyske betsjutting en waard ikehakhout oanplante. Om-ende-by 1800 waard de bosk útwreide mei oanplant op boulân. De bosk bestiet meast út iken mei ûnderbeplanting fan nuddelhout. De Jolderenbosk stiet al oanjûn op kaarten fan de Schotanusatlas út 1698.

Oan de sudkant fan de bosk stiet loftwachttoer 6H3 en oan de westside fan de bosk stiet in mitsele sitbank (Gaaikemabank) út 1925 dy't troch de befolking skonken waard ta eare fan boargemaster Harmannus Gaaikema (1866-1942).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bauke Boersma - Gaasterland - Eeuwenoud land tussen Mar en Klif , Friese Pers 2005

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken

· · Berjocht bewurkje