Wikeler Hop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wikeler Hop is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. Dy hop is in útham fan de Sleattemer Mar noard fan Wikel. De Rintsjegrêft komt út yn de hop.

In hop of hoppe is in âlde namme foar in ynham. Hy komt ek werom yn de plaknamme Hoptille, mei de betsjutting fan brêge oer de ynham.

De namme Wikeler Hop jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijckelerhop.