Nannewiid
Het Nannewiid of Haskerwiid is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. It leit ten westen fan It Hearrenfean en besuden Aldehaske. It noardlike diel fan de mar waard earder it Haskerwiid neamd. De mar hat mar ien ferbining mei iepen wetter: de Feanskieding rint fan de mar eastlik nei It Hearrenfean.
Untstean en Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nannewiid is ûntstien troch de ôfgraving fan fean. Troch it Nannewiid rint de Feanskieding, in feart dy't eartiids foar it ferfier fan turf brûkt waard. Dy feart rint troch de midden fan de mar en rint oan de eastkant nei It Hearrenfean. Yn it Nannewiid wie it earste eksperimint mei Aktyf Biologysk Behear (ABB) in Fryslân. Omdat de Feanskieding fersmoarge en fiedselryk wetter oanfierde is dy no ôfskieden fan it Nannewiid. Wetter út de Tsjonger wurdt no troch in helofitenfilter it gebiet ynlitten. De mar waard útbaggere en it oerskot oan brazem waard weifongen. Dy maatregels hawwe de wetterkwaliteit wol ferbettere, mar dochs net lykas ferwachte.
Rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nannewiid is simmerdeis in drok plak foar wettersport. Tichtby Aldehaske is in kemping en in swimbad. Oan de westkant leit in terrein foar deirekreaasje, de Blompôle. Yn 'e winter as der iis leit is de mar ien grutte iisbaan. Der kin al gau riden wurde trochdat it Nannewiid net botte djip is: 1 oant 1,5 meter.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mar en de kanten hawwe in grutte ekologyske wearde. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear. It gebiet is tige fariearre troch de ôfwikseling fan iepen wetter, reidkragen, broekbosk en reidfjilden. Oan de westkant fan de mar lizze tige weardefolle feanmoasterreintsjes mei bygelyks Sompefioeltsje, Heiderinkelbel en Moerasrinkelbel, Lytse Senuwwoartel, Wetterklaver, Moark, Soldatekwast, Sompefear en Kaamfear
Yn it gebiet komme ek in soad fûgelsoarten foar. Briedfûgels binne bygelyks: de glee, hauk, bûnt reidhintsje, gielegou, reidimerke, snilekrûper en geal.