Reidimerke
reidimerke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Locustella naevia | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It reidimerke (Locustella naevia) is in sjong- en trekfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sang bestiet út in lang snoarjen lykas fan in imerke, dat troch koarte skoftkes ûnderbrutsen wurdt. It fûgeltsje is 12,5 oant 13,5 sm lang. Oan 'e ûnderkant is it smoarchwyt en oan 'e boppekant en krún brún mei donkerbrune streken. De stút is ljocht fan kleur. De eachstreek is dizich. Fierder hat de fûgel fleiskleurige poatsjes. Beide geslachten binne allyk.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reidimerke yt ynsekten, larven en spinnen.
Biotoop en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet ferside yn lang gers, strewellen en reit yn sompen en op mear iepen terrein mei beammen en strewellen. Ek binne se te hearren yn dúngebieten en op greide mei sleatten en reid. It reidimerke is in skou fûgeltsje dat him net graach sjen lit, mar troch de sang wol te finen is.
Reidimerkes briede yn it westen fan Aazje en in grut part fan Jeropa (mar de fûgel ûntbrekt yn grutte dielen fan Súd-Europa en Skandinaavje). Gruttere konsintraasjes fan reidimerkes yn Fryslân binne op 'e eilannen, yn it Lauwersmargebiet, de Alde Feanen en de Lindefallei. Lannelik is de fûgel goed fertsjintwurdige yn it noarden en it westen. De fûgel is hjir fan healwei april oant ein septimber. Hja oerwinterje yn tropysk Afrika en Yndia.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan reidimerkes binne trije ûndersoarten bekend:
- L. n. naevia: fan Europa oant it westen fan Jeropeesk Ruslân en de Oekraïne.
- L. n. straminea: it easten fan Jeropeesk Ruslân oant súdwestlik en midden-Sibearje, eastlik Kazachstan, noardwestlik Sina en westlik Mongoalje.
- L. n. obscurior: eastlik Turkije en de Kaukasus.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân is it reidimerke lokaal frij algemien. It tal briedpearkes waard yn 2018-2020 op 5000-6100 rûsd. Tusken 1984 en 2010 is it oantal oer de kop gien, mar sûnt 2010 liket de Nederlânske populaasje frij stabyl. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 3.000.000 en 6.000.000 eksimplaren rûsd. De soarte wurdt as net bedrige sjoen.
Fideo fan in sjongend reidimerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Sprinkhaanzanger (ferzje fan 7 jannewaris 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Strûksjonger
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Yndia