Springe nei ynhâld

Beekdelling Alddjip

Ut Wikipedy
Beekdelling Alddjip
It Alddjip tusken de Opperhaudmare en Heidehuzen
It Alddjip tusken de Opperhaudmare en Heidehuzen
lokaasje
neiste plak Bakkefean en Nij Beets
oare ynformaasje
oerflak 10.600 ha [1]
behear Steatsboskbehear

Beekdelling Alddjip ek wol Beekdal Koningsdiep is in delling mei wetterrin yn it súdeasten fan Fryslân. It Alddjip, de namme foar de bopperin fan De Boarn, is ûnderdiel fan it Natoernetwurk Nederlân, foarhinne de Ekologyske Haadstruktuer.

De delling rint fan east nei west fan rûchwei Bakkefean, ûnder Beetstersweach lâns nei Nij Beets en giet oer yn De Boarn.
De beekdelling is langhalich en smel. It wetter rint yn westlike rjochting ôf fan de heger lizzende sângrûnen. It Alddjip is benammen haadôffier foar in gebiet fan sa’n 6000 hektare. De wetterhúshâlding is ynrjochte op it fluch ôffieren fan wetter.

It lânskip bestiet út in beekdelling mei in iepen karakter, de bosk- en heidefjilden en kûlisselânskippen op de sânrêgen. Dy hegere grûnen op de flanken fan it beekdal hawwe in swak weagjend reliëf mei singels en houtwâlen by de opstrekkende ferkaveling lâns. De ferkavelings stiet heaksk op de binnen en bûtendiken. Yn de jierren 30 en de jierren 60 fan de 20ste iuw is it lânskip troch heideûntginning en ruilferkaveling omfoarme ta in iepen boere- en kultuerlânskip.

De delling is ûntstien yn de lêste iistiden, doe’t in soad teiwetter yn modderstreamen oer de heal beferzen boppegrûn ôffierd waard. By Jirnsum en Raerd rûn De Boarn destiids út yn de Middelsee. Yn de delling is de balstienliem erodearre en ûntstie in patroan mei fan noardwest nei súdeast lizzende rêgen fan balstienliem en teiwetterdellings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken