Wite en Swarte Brekken en Aldhôf

Ut Wikipedy
Snits út de loft wei mei middenûnder de Wite en Swarte Brekken en Aldhof

De Wite en Swarte Brekken en Aldhôf is in natuergebiet besuden fan Snits.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare plakken yn de omkriten binne Drylts, De Hommerts, Jutryp en Toppenhuzen. It leit yn twa gemeenten, Wymbritseradiel en Snits. Troch it Prinses Margrietkanaal is it gebiet ferbûn mei de Kûfurd en de Snitser Mar. Troch de Wâldfeart hat it ferbining mei Snits. It gebiet bestiet ûnder mear út de marren Wite Brekken, Swarte Brekken en Aldhôf, de wetters Easterwimerts, Modderige Ryd en It Nau fan de Brekken. Ek lizze der meardere eilannen yn it gebiet lykas De Krite, Deeklân, De Lange Warren en it Reidskar.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wite en Swarte Brekken en Aldhôf is in leechfeangebiet dat bestiet út marren wetterrinnen, boezemlannen en simmerpolders. It wetter is ûntstien troch eroazje fan it feanpakket. Dat is noch te sjen oan it ferkavelingspatroan. Dat patroan is op de ferskate eilannen en besuden Snits krekt-en-gelyk It wurd 'brekken' betsjut dan ek 'troch wetter brutsen lân'. Dat de eroazje ek tsjintwurdich trochgiet is goed te sjen oan de eilantsjes yn de Swarte Brekken, dy’t dúdlik ôfslaan. De Wite en Swarte Brekken wienen net sa lang lyn dúdliker fan inoar skieden troch in lântonge. Dy is stadichoan feroare yn losse pôlen en yn de jierren ’90 hielendal ferdwûn.

Ekology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behearder fan it gebiet is Steatsboskbehear. It is oanwiisd as Fûgelrjochtlinegebiet fanwegen de grutte kloften blaupoatsjes, kolguozzen, pauguozzen en smjunten dy't dêr winterdeis oernachtsje. Fan de blaupoatsjes oernachtet ûngefear 17% fan de wrâldpopulaasje yn de simmerpolders fan it gebiet. Dêrby komt ek de readelistsoarte Noardske wrotmûs yn it gebiet foar.

By de fûgeltrek wurde de simmerpolders oandien troch tsientûzenen steltrinners, wêrûnder hoantsen en wilsters. Simmerdeis briedt it giel boumantsje yn de wiete greiden. Yn it ferline wie dat gebiet in wichtich bolwurk foar de ljippeblom, mar dy is dêr al lang lyn útstoarn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken