Wâldfeart (Súdwest-Fryslân)
Appearance
(Trochferwiisd fan Wâldfeart (Snits))
De Wâldfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de wyk Sperkhim nei it suden en rint út yn de Wite Brekken. Oan de feart lizze de wenwiken Dúnterpen en De Brekken.
De Wâldfeart wie eartiids de belangrykste wetterferbining fan Westergoa mei de Súdwesthoeke. Besuden Snits hawwe wâlden west. Gjin tichte bosken, mar gebieten mei strewellen en boskjes.
De namme Wâldfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Woudvaart.