Brekken (toponym)
Appearance
It toponym Brekken betsjut safolle as 'troch it wetter brutsen lân'. It toponym komt in protte foar yn it Fryske leechfeangebiet, it 'Lege Midden'. Bygelyks de Grutte Brekken by De Lemmer. De wetters binne faak troch eroazje of ferfeanting ûntstien. It ferkavelingspatroan oan beide siden fan it wetter is meast itselde, wat der op tsjut dat it wetter earder lân wie.
Toponimen mei Brekken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]wetters:
- Bombrekken
- De Brekken yn de gemeente Skarsterlân
- Grutte Brekken
- Krúsbrekken
- Aldegeaster Brekken
- Swarte Brekken
- Flakke Brekken
- Wite Brekken
oare toponimen:
- Hoite Brekken, by Tsjerkgaast
- Holle Brekken by Sleat
- De Brekken, in troch de Petsleat trochsnien ferlâne marke besuden Driesum
- De Lytse Brekken, in polder benoarden de Grutte Brekken.
- De Lytse Brekken, in eardere polder besuden de Grutte Brekken.
- De Brekken, in wyk op De Lemmer, yn de eardere polder Lytse Brekken.
- De Brekken, in wyk fan Snits, by de Wite- en Swarte Brekken.