Flakke Brekken

Ut Wikipedy

De Flakke Brekken is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De mar lei op de grins fan de eardere gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel. It is it súdlike diel fan de Aldegeaster Brekken tusken Nijhuzum en Sânfurd.

De namme Flakke Brekken jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vlakke Brekken.