Sleattemer Mar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Satellytfoto fan de Fryske marren
Sleattemer Mar winterdeis

De Sleattemer Mar is in mar fan 140 ha. tusken de plakken Sleat, Balk, en Wâldsein. Twa mei tûnen oanjûne farwetters ferbine dy plakken mei-inoar. De mar is net botte djip, bûten de fargeul bytiden mar 1,20 m. Oan de eastkant fan de fargeul is de wetterdjipte mar sawat ien meter; sa is de Wikeler Hop ek ûndjip.