Houtwiel (Feanwâlden)
Appearance
De Houtwiel is in lytse mar yn 'e gemeente Dantumadiel. De mar leit yn natoergebiet De Houtwiel tusken Broeksterwâld en Feanwâlden. It wetter leit tusken de Smoarpôt en de Goddeleaze Singel.
In wiel is in kolkgat dat troch in dyktrochbrek ûntstie.
De namme Houtwiel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Houtwielen.