Kanadamar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Kanadamar (2007).

De Kanadamar of Aekingeamar (Stellingwerfsk en offisjeel: Kannedemeer, ek wol Aekingameer) is in keunstmjittich marke yn de gemeente Eaststellingwerf, bewesten de Keale Dunen en eastlik fan Elslo yn de buorskip Kanada. It leit yn 'e himrik fan Elslo.

De Kanadamar is in earder sângat dêr't yn 1960 sân wûn is foar de oanlis fan de N381. De mar leit yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld en wurdt beheard troch Steatsboskbehear. It marke is rûn mei in eilantsje yn'e midden. It gat hat op guon plakken in djipte fan goed 30 meter en is dêrom op dy plakken gefaarlik foar swimmers. Yn it ferline binne der ferskate persoanen ferdronken.

De namme Kannedemeer jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Canadameer.